Ov-stakingen krije tiisdei miskien ferfolch: "Werkgevers weigeren halsstarrig"

Staking by it busstasjon yn It Hearrenfean © ANP
De stakingen yn it iepenbier ferfier krije mooglik in ferfolch. Fakbûnen FNV en CNV lizze opnij it wurk del as wurkjouwers net mei in better leanbod komme. It giet om fyftjin stakingsdagen, ferspraat oer seis wiken.
Mits der gjin akkoart komt, traapje wurknimmers de nije rige tiisdei ôf. Yn dat gefal folgje de aksjes op eardere stakingen, as gefolch fan stikkenrûne ûnderhannelingen.
De werkgevers blijven halsstarrig weigeren om tot een goede cao met een leefbaar loon en minder werkdruk te komen. "Sy binne de iennigen dy't de stakingen, dy't hiel ferfelend binne foar de passazjiers, foarkomme kinne", leit FNV-bestjoerder Marijn van der Gaag út.

Stakingen dizze wyke

De bûnen en wurkjouwers binne yn in ympasse rekke. FNV en CNV rôpen de leden woansdei en freed dêrom ek al op it wurk del te lizzen. Yn Fryslân rieden en ride de treinen wol. Fan de bussen geane freed 35 persint de dyk op. De buertbussen yn ride allegear wol.

'Maat is vol'

CNV-bestjoerder Hanane Chikhi neamt it 'waardeloos' dat de stakingen nedich binne. "Maar de maat is echt vol. Er moet iets gebeuren aan het gejaag en gejakker in het openbaar vervoer. De werkdag hangt aan elkaar van even gauw achter het stuur wat eten, even snel koffie halen op de pauzeplek, gauw naar toilet", fertelt se.
"Als je op die manier je werk moet doen, is dat een ongezonde situatie. Het gevolg is een hoog ziekteverzuim."