Haulerwyk stiet nei in jier oarloch noch folop klear foar Oekraynske flechtlingen

Popke Akkerman (links) mei in húshâlding út Oekraïne © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In jier nei it begjin fan de oarloch yn Oekraïne stean de ynwenners fan Haulerwyk noch hieltyd klear foar de hast fjirtich flechtlingen yn harren doarp. Opfang, wurk, Nederlânske les en frijetiidsbesteging: de Oekraïners binne al hast folslein yntegrearre.
Om dizze tiid hinne in jier lyn is de wurkgroep 'Haulerwijk voor Oekraïne' oprjochte troch ynwenners Roel Wink en Popke Akkerman. "It wie wrâldnijs dat Ruslân Oekraïne binnenfallen wie, mar doe hie ik noch net it idee fan wat wy dêrnei dwaan soene. Dat kaam in pear wike letter", fertelt Akkerman.
Se woenen út Haulerwyk wei in bydrage leverje oan de opfang fan de flechtlingen. Der waard oproppen om wenromte yn it doarp beskikber te stellen.
Yn totaal waard foar fjirtich flechtlingen romte makke en dêrnei waarden se ophelle, fertelt Akkerman. "Foar in grut diel ha wy harren sels ophelle út Poalen en dy ha we hjir nei ta brocht. In grut part fan dy minsken is hjir noch hieltyd."

"Yn Nederlân fiel ik my feilich"

De 28-jierrige Angela Mazur is in pear wiken nei de ynfal mei har man Volodymyr flechte út har wenplak Cherson. Se wennet no mei noch mear Oekraïners yn in earder kantoargebou yn Haulerwyk.
Angela en Volodymyr Mazur © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Yn Nederlân fiel ik my feilich. Yn myn heitelân is no in ferskriklike oarloch mei in protte slachtoffers. Hjir wenje aardige minsken, se helpe ús." Yntusken hawwe Angela en Volodymyr beide wurk by it bedriuw Machandel.
Yn Haulerwyk wenje geweldige minsken dy't altiten freonlik binne.
Yana is bliid mei de stipe út Haulerwyk
Fierderop yn Haulerwyk wennet de 31-jierrige Yana mei twa bern, har mem en broer. Se sit feilich yn it hûs fan Popke Akkerman. "Yn Haulerwyk wenje geweldige minsken dy't altiten freonlik binne. Ik wol foaral de famylje betankje dy't my en myn bern opfongen ha."
De man fan Yana sit noch yn Oekraïne en moat oer in pear dagen nei it front by Cherson. Dat fynt se dreech: "We komme út Odesa, mar no moat hy nei Cherson, dêr rint syn libben gefaar, dêr wurdt hurd fochten."
De 31-jierrige Yana út Oekraïne wennet no yn Haulerwyk mei har bern, mem en broer © Omrop Fryslân
Yntusken binne de flechtlingen hieltyd mear yntegrearre yn Fryslân, seit Akkerman. "De bern geane no mei de taksy nei Drachten nei in sintrale skoalle, dêr't flechtlingen sitte. De bern pakke it frij fluch op. Fierder is alle wiken is Nederlânske les op de moandeitejûn."
Hy fertelt ek dat der in soad flechtlingen oan it wurk binne. "By Machandel, by Wagenaar Dairyfoods en yn Easterwâlde wurkje der noch in pear en in frachtweinsjauffeur hat de biten riden dit jier."
Angela Mazur oan it wurk by Machandel © Omrop Fryslân
Popke Akkerman is it oansprekpunt foar alle gesinnen. "Ik ha kontakt mei de gemeente as der nijen komme en as se fuortgean dan wurde se wer útskreaun. En as der problemen binne mei de útkearing regelje ik dat."
Der is ek in protte kontakt mei de oare doarpen. "Wy sitte alle freeds mei de gemeente by-elkoar om te oerlizzen wêr't we tsjinoan rinne."
Ik ha in camper neist it hûs stean dêr't ik trochdewike bin en oare dagen yn Langwar yn in fakânsjehûske.
Popke Akkerman
Op it stuit wurde de Oekraïners oeral yn it doarp ûnderbrocht: in lege buorkerij, de pastorytsjerke, yn lege kantoarpannen en by minsken thús. Sa wenje der seis minsken yn it hûs fan Popke, wylst er sels op in oar plak wennet. "Ik ha in camper neist it hûs stean dêr't ik troch de wike ferbliuw. Oare dagen sit ik yn Langwar yn in fakânsjehûske."

Kearside fan de medalje

Neffens Akkerman is der ek in kearside fan de medalje. Der binne wolris problemen mei de flechtlingen. "It binne hiele ferskillende dingen dêr't we mei de flechtlingen tsjinoan rinne. Yn de buorkerij wenje der njoggen minsken en dêr ûntstie wriuwing ûnderling. Doe ha wy in oar plakje fûn."
Mar ek de gasprizen smite problemen op, fertelt er. "Dizze winter gong der in hiel soad gas trochhinne, doe ha ik mei harren praat en advys jûn oer hoe't se mei enerzjy omgean moatte."
Ek foar syn eigen libben hat it behoarlik wat impact. "Foar myn frou wurdt it wol swier, dy wol graach wer nei har eigen hûs ta. Om earlik te wêzen hienen wy dit in jier lyn net tocht dat we noch yn dizze situaasje sitte soene."
Op freed 24 febrewaris is it in jier lyn dat Oekraïne binnenfallen is troch Ruslân. Omrop Fryslân stiet de hiele wike stil by de oarloch op radio, telefyzje en op de webside. Mei ûnder oare ferhalen fan de Oekraynske flechtling Dariia Merkotan, it doarp Haulerwyk dêr't fjirtich flechtlingen hieltyd mear yntegrearje yn de mienskip en mei East-Europasaakkundige Sipke de Hoop oer wannear't de oarloch ta in ein komt.