Achtkarspelen komt fjouwer ton tekoart: mear enerzjytaslach útkeard as ûntfongen

It gemeentehûs fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Achtkarspelen hat ferline jier sa'n 400.000 euro mear enerzjytaslach útkeard as dat de gemeente dêrfoar fan it Ryk ûntfongen hat. Wethâlder Tjibbe Brinkman die dy meidieling tongersdeitejûn oan it begjin fan de riedsgearkomste yn Bûtenpost.
It giet om de útkearing fan de enerzjytaslach fan 1.300 euro foar minsken mei in leech ynkommen. Neffens Brinkman binne der yn Achtkarspelen in soad oanfragen binnenkaam, wêrtroch't it ûntfongen bedrach út it Ryk wei inkelde tonnen te leech blykt.
It Ryk soe dat bedrach op dit stuit ek net fierder oanfolje wolle, wêrtroch't de gemeente mei in gat sitten bliuwt. "Se wolle net bypasse", seit wethâlder Brinkman.
Dochs sil Achtkarspelen ek dit jier de enerzjytaslach útkeare, ek al driget dêrtroch ek foar 2023 in tekoart fan fjouwer ton. De earste 500 euro fan de taslach wurdt yn maart útkeard, de oare 800 euro yn juny.