Twadde stakingsdei iepenbier ferfier dizze wike: minder bussen, wol treinen

Krekt as op woansdei ride der hjoed yn Fryslân wol treinen. Fan de bussen rydt sa'n 35 prosint. It is hjoed de twadde dei dizze wike dat der staakt wurdt yn it iepenbier ferfier.
De buertbussen yn Fryslân ride wol, mar fan de oare buslinen op it Fryske fêstelân rydt dus sa'n ien op de trije. Op de eilannen ride alle bussen, meldt ferfierder Arriva. De linetaksy's en opstappers ride ek.
Op de earste stakingsdei fan dizze wike, ôfrûne woansdei, rieden de treinen yn Fryslân. Fan alle busritten foel sawat de helte út.
Arriva advisearret reizgers om foar de lêste ynformaasje harren webside yn de gaten te hâlden.
Underhannelingen oer cao fêst
Fakbûnen FNV en CNV wolle bettere arbeidsbetingsten foar 13.000 wurknimmers, benammen bussjauffeurs. De FNV wol in leansferheging fan 16,9 prosint foar in cao foar in jier, it CNV easket fjirtjin prosint ferspraat oer achttjin moannen.
De ûnderhannelingen foar in nije cao sitte lykwols fêst: de feriening fan wurkjouwers yn it iepenbier ferfier (VWOV) liet al witte dat de wurkjouwers net foldwaan kinne oan de easken fan de fakbûnen. De stakingen soenen dêrom ek neat opsmite.
Earder dizze moanne wie der al in staking fan fiif dagen.
De kommende seis wiken staakt it streekferfier op 'e nij. Dat hawwe de fakbûnen FNV en CNV bekend makke. It giet om 15 stakingsdagen, ferspraat oer oardel moanne. De aksjes begjinne tiisdei al, as de wurkjouwers net mei in better leanbod komme.