Learlingen ynternasjonale skeakelklasse Snits it iis op foar Giro555

Yn Ljouwert wurdt reedriden foar Giro555
Hûnderten learlingen fan de ynternasjonale skeakelklasse (ISK) út Snits hawwe tongersdei de redens ûnderbûn yn de Alvestêdehal yn Ljouwert om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de ierdbevings yn Turkije en Syrië.
Foar in protte bern wienen it harren earste streken op it iis. De learlingen wienen bot motivearre om sa folle mooglik jild op te heljen: guon bern hawwe nammentlik famylje yn it troffen gebiet.
De skoalle hope in pear hûndert euro op te heljen. Dat wie in beskieden ambysje: de aksje hat úteinlik mear as 4.000 euro opsmiten.