Direkteur Minne Dolstra fan Thialf: "As de sinten aanst op binne, is it rap dien"

IIsstadion Thialf mei sinnepanielen © ANP
Der is, alwer, fertraging by it yn gebrûk nimmen fan de hast 5.000 sinnepanielen op it dak fan iisstadion Thialf. Om't it net slagget de panielen foar 1 maart wurkjend te krijen, sa as ôfpraat, is Thialf fan doel in skeafergoeding te easkjen by de oannimmer dy't it wurk útfiert.
De panielen binne yn 2016 al oanlein op it dak fan de iistimpel. Letter moasten se fan de fersekering útskeakele wurde yn ferbân mei brângefaar. Dêr kaam in oplossing foar, mar de panielen moasten wol opnij oanlein wurde. En dat moast neffens nijere noarmen barre dan yn 2016. Mei troch minne waarsomstannichheden fan ôfrûne wiken slagget it net de panielen foar 1 maart oan te sluten.
Je soene sizze, hoe dreech kin it wêze, wat sinnepanielen oanlizze? Nou, dat ha wy meimakke.
Direkteur Minne Dolstra fan Thialf, oer de nije problemen
"It hat allegear fiersten tefolle tiid koste", seit direkteur Minne Dolstra fan iisstadion Thialf. "Earst de kwestje mei de fersekerders, dêrnei it finen fan in oplossing op maat, en no wer it oanlizzen fan de panielen neffens nije noarmen. Je soene sizze, hoe dreech kin it wêze, wat sinnepanielen oanlizze? Nou, dat ha wy meimakke."

Enerzjy-opslach yn batterij

Mei de oannimmer is kontraktueel ôfpraat dat de panielen foar 1 maart yn gebrûk naam wurde kinne. No't dat net slagget, moat der foar eltse dei fertraging in boete betelle wurde. "We ha ôfpraat dat we neat sizze oer de hichte fan it bedrach", leit Dolstra út "mar it giet om in behoarlik bedrach."
Thialf wol de panielen graach wurkjend ha, om't se drok dwaande binne mei mooglikheden fan enerzjy-opslach. Dat komt mei troch de hege enerzjypriis. Dêrby wurdt bygelyks tocht oan it opslaan fan enerzjy yn in soarte fan batterij, fertelt Dolstra. Hoewol't de Ryksoerheid earder sei dat se dêr net oan meibetelje wol, bliuwt Dolstra deroer yn petear mei Den Haag.
"We binne dochs noch oan it sjen nei mooglikheden. Wy fine dat de nasjonale oerheid syn ferantwurdlikheid nimme moat. Der is earder ien miljoen euro jûn foar enerzjykompensaasje, mar dat is net genôch. Ik bin mar in simpele direkteur fan Thialf, mar as de sinten aanst op binne, is it rap dien."