Murk Aukema gie op reis mei gitaar en kaam werom mei fertrouwen: "Ik gean derfoar!"
Murk Aukema hat de ôfrûne jierren in reis makke. Sawol yn syn holle as fysyk. Yn Noardewyn fertelt er oer syn ûntwikkeling as persoan en muzikant, en fertelt er oer syn momint fan folmakke gelok op strjitte yn Innsbruck.
Mei syn plaat 'It all starts now' komt Murk Aukema mei syn twadde offisjele album. Hy hat nei eigen sizzen in flinke ûntwikkeling trochmakke sûnt it opnimmen fan syn alderearste nûmers. Aukema fielt him no in stik better oer himsels en oer it meitsjen fan muzyk.
Plak foar emoasje
"Op it momint dat je skills better wurde, bringt dat mear rêst. It meitsjen fan nûmers giet dan mear fansels. Dat komt omdat der minder ôflieding is en dêrtroch komt der mear romte foar emoasje. Dat hearst yn de muzyk", fertelt Aukema, dy't opgroeide yn De Himrik.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Doe't er 20 jier wie, besleat er it fleantúch yn te stappen. Mei de gitaar yn 'e hân gie er nei Australië. Tiid om folslein op eigen fuotten te stean. Folslein los wêze fan de omjouwing. "Dat betsjutte ek dat ik trije moannen gjin kontakt mei myn âlden hie, wylst ik gek op harren bin. Ik krige it gefoel dat de maatskippij dy fertelt wa'tst bist. Wylst dochs echt oars yninoar stekst. Dêr struggele ik mei. Ik woe mysels dêrom ûntdekke."
Untpopt ta muzikant
Yn Australië waard de singer-songwriter yn him wekker. Goed wie it neffens him noch net, mar hy begûn yn alle gefallen mei optreden, yn de pubs. Doe't er weromkaam yn Nederlân besleat er in album te skriuwen, om letter syn koffer wer te pakken. Dit kear foar in ferbliuw yn Nij-Seelân. "Ik hie bot lêst fan faalangst. Ik tocht dêrom, nimmen ken my dêr, en oarsom. Ik ha dêr in soad spile, dat pakte goed út foar my."
Ik bin myn âlden enoarm tankber en ha se alles weromjûn, mei de opbringsten fan myn muzyk.
Hy stoarte him op de muzyk, mei as resultaat syn earste offisjele album 'Listen'. Hy waard dêrfoar in hantsje holpen troch syn famylje. "Foardat ik weromkaam nei Nederlân, stjoerde ik in mail nei myn âlden. Hjiryn lei ik út dat ik foar de muzyk gean woe. Ik wie hielendal blut en frege oft ik 5.000 euro liene koe", fertelt Aukema.
Heit en mem leauden yn harren soan, en it fertrouwen waard werombetelle. Letterlik en figuerlik. "Ik bin se enoarm tankber en ha se alles weromjûn, mei de opbringsten fan myn muzyk."
Spylje op strjitte
Njonken plande optredens, begûn er ek op de bonnefoai te spyljen. Op 'e nij wapene mei syn ynstrumint, ried er it bûtenlân yn. Dútslân, Eastenryk, Slovenië; mei fertrouwen op wat komme soe, die er allegearre plakken oan, om dêr op strjitte de gitaar te pakken.
Ik stiigde doe suver op. Ik tocht: 'Wat is it cool dat ik dit hjir oan it dwaan bin'."
"Ik naam dan in fersterkerke mei en begûn te boartsjen. Eins mei dat net, mar de plysje fûn it faak prima. "De 'place to be' wie oerdúdlik Innsbruck." Dêr wie altyd garandearre publyk. Ik wit noch sa goed dat ik dêr op in dei yn de Haadstrjitte stie, omjûn troch kleurrike gebouwen, en mei in prachtige berch yn de rêch", seit er.
"Alles gie op dat stuit efkes fansels. It sjongen, myn fingers... Ik seach in soad minsken nei myn muzyk harkjen, it like krekt in lyts festival. Ik stiigde doe suver op. Ik tocht: 'Wat is it cool dat ik dit hjir oan it dwaan bin'."
Op paad as trio
Kommende simmer is Aukema fan doel om it op 'e nij te besykjen as trûbadoer. Mei ûnder mear nûmers fan 'It all starts now', ôfwiksele mei wat covers. Dêrnei is er fan doel om op paad te gean mei syn nije bandsje.
Om syn klanken ekstra krêft by te setten wurdt er flankearre troch in drummer en bassist. Hy sjocht út nei dat nije aventoer. It bringt him sels wat rêst. "En dat is echt wat nijs foar my."
De top 5 fan Murk Aukema
Artyst | Nûmer |
Murk Aukema | On My Way To You |
Murk Aukema | Live for the Living |
John Mayer | Walt Grace's Submarine Test January 1967 |
Murk Aukema | Our Own Destiny |
Murk Aukema | Whatever I Am |