Brussel jout grien ljocht foar faksinaasje tsjin fûgelgryp, no noch in faksin

In deade goes © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De Europeeske Kommisje hat tastimming jûn om fûgels te faksinearjen tsjin de fûgelgryp. Der is allinnich ien probleem, der is noch gjin faksin beskikber.
Der is al langer in diskusje geande oer it faksinearjen fan bisten tsjin de fûgelgryp. Benammen nei in wrâldwide útbraak fan fûgelgryp yn 2021, wêrtroch't allinnich yn Fryslân al mear as in miljoen fûgels ôfmakke wurde moasten.

200 miljoen deade fûgels

Yn Europa giet it fyftich miljoen deade fûgels, wrâldwiid binne it der mar leafst twahûndert miljoen. It eardere argumint fanút Europa, dat faksinaasje op grutte skaal djoerder is as it romjen fan besmette bedriuwen, giet dêrom net langer op.
Troch de omfang fan de epidemy wurdt it belied, om net te faksinearjen, no feroare. "Mei it each op de earnst fan de útbraak hat de striid tsjin fûgelgryp de heechste prioriteit", seit ferantwurdlik Eurokommissaris Kyriakides.

Wageningen University

Der wurde op dit stuit ferskate faksins tsjin fûgelgryp ûntwikkele. Dat bart ûnder oare op de Wageningen University. Dêr is ferline jier in proef dien mei in faksin, mar de resultaten dêrfan binne noch net beskikber.