Grutte ynset helptsjinsten nei't auto yn it wetter rollet yn Harns

Helptsjinsten op de kade yn Harns © CAMJO Media
Der binne tongersdei meardere helptsjinsten op in melding yn Harns ôfkommen. Dêr is in auto yn it wetter rolle.
Undúdlikens oer oft der persoanen yn de auto sieten wie de reden foar de grutte ynset. It die bliken dat de ynset net nedich wie, omdat de auto op dat stuit leech wie.
De bestjoerder fan de auto kaam krekt letter oanrinnen. Hy hie te kuierjen west.