Gemeente siket út oft grûn oan de súdkant fan De Jouwer 'kânsen biedt'

Gemeente De Fryske Marren sjocht 'kânsen' oan de súdkant fan De Jouwer en hat dêr it earste rjocht op keap fan grûn dat no noch boerelân is. It giet om sa'n 44 bunder lân dat tusken de A6 en De Jouwer leit.
Yn maart 2025 moat dúdlik wêze hoe't it gebiet der út komt te sjen. It lân efter de Parallelwei waard earder fan De Jouwer skieden troch de A7, mar dy is ferlein. Dizze grûn oan de súdkant fan De Jouwer is no yn partikuliere hannen, mar de gemeente hat wol ynteresse yn it gebiet.
De grûn biedt 'kansen voor een nieuwe invulling', sa skriuwt de gemeente. Dy wol no oantrúnje op it meitsjen fan plannen foar dizze 'Driehoek Joure Zuid.' De gemeente wol sjen wat der mooglik is, yn oerlis mei bewenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes. Dat dit ûndersyk úteinset is fan belang om't it foarkarsrjocht fan de gemeente foar de grûn op in gegeven stuit ôfrint.
Earder liet de gemeente al witte ûndersykje te wollen oft der tusken de Sewei en de Parallelwei tydlike, lytse huzen boud wurde kinne foar bygelyks starters of statushâlders. Dizze grûn is al wol yn eigendom fan de gemeente, want dêr lei it eardere trasee fan de A7.