Measte Steateleden wolle besuniging taal en kultuer fan tafel hawwe

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes (CDA) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De measte partijen yn Provinsjale Steaten wolle dat de besunigings op taal en kultuer fan 1,6 miljoen euro fan tafel geane. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân.
Mar neffens it CDA is it fan tafel heljen net reëel. Der komme finansjeel drege tiden oan foar de regionale oerheid.
"Besuniging taal en kultuer moat fan tafel"
Der stean provinsjale ferkiezings foar de doar. Op 15 maart is it safier. De politike partijen begjinne fan harren hearre te litten, sa ek oer kultuer.

Unwisse tiden

In pear moanne lyn stimde in mearderheid fan de Steaten yn mei in besuniging fan 1,6 miljoen euro op taal en kultuer yn Fryslân. Dy wie ûnderdiel fan in gruttere besuniging fan 7 miljoen euro. Ofpraat waard wol dat de besuniging in jier letter yngean soene as earst de bedoeling wie. It soe no heve yn 2026.
Der komme ûnwisse tiden oan foar de provinsje. It Ryk wol de finansiering fan de provinsjes oars regelje. Der wurde ek feroarings ferwachte by de motorrydtúchbelesting, de iennige direkte ynkomsteboarne fan provinsjes.
Nij poadium
It nije kultuerbelied yn de Provinsje Fryslân dat yn 2021 yngien is, hjit 'Nij poadium" en sil fjouwer jier duorje. It belied jout mear romte oan nijkommers. Fierders is de basis ferstevige. De provinsje jout alle jierren 35 miljoen euro út oan kultuer: sawat ien tredde dêrfan is tydlik jild.
Koälysjepartijen PvdA en FNP hawwe earder ynstimd mei de besunigings en wolle no dat de besunigings op taal en kultuer fan tafel gean.
"Wa wol no net fan besunigingen ôf? Dat is stoer ferkiezingspraat. Mar sa wurket it net", seit Friso Douwstra. Hy is op dit stuit deputearre fan finânsjes en listlûker foar it CDA. "Boppedat moatte we nei it hiele plaatsje sjen: der wurdt ek besunige op ekonomy, op it iepenbier ferfier en op sport."
De PvdA tinkt dêr oars oer. De partij is derfan oertsjûge dat it finansjeel helber is, neffens listlûker Edou Hamstra. "Wy tinke dat we it binnen hûs oars regelje moatte. Der wurdt te rom begrutte. Der bliuwt op de begrutting elts jier miljoenen oer. Dat is dea jild."

'Ophâlde mei lobbywurk'

Ek Sijbe Knol fan de FNP wit wêr't er it jild weihelje wol: "Der giet hiel wat jild om yn de lobby foar it binnenheljen fan fytswedstriden lykas de Vuelta en de Tour. Lit ús dêrmei ophâlde."
VVD lit witte dat de partij net waarm wurdt fan de besuniging dy't no op tafel leit, ek al hawwe se dêrmei ynstimd.
"De sector heeft het niet makkelijk door corona en hoge energieprijzen", seit Martijn Brands. Hy is Steatelid fan de VVD en wurdfierder kultuer fan dy partij. "Terwijl cultuur - van musea tot talentontwikkeling - een enorme meerwaarde heeft op de gemeenschap. Daar nu op bezuinigen vinden we een slecht plan."
Ferskate oare partijen, lykas ChristenUnie, D66, GrienLinks, SP en JA21, wolle de besuniging ek fan tafel hawwe.
Jouster fanfare © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Wat opfalt, is dat ferskate partijen fine dat kultuer foar eltsenien better tagonklik wêze moat. PvdA wol kultuer goedkeaper meitsje foar minsken mei in smelle beurs.

Kultuerfûns

De partij is foar in kultuerfûns, fertelt Hamstra. "In fûns dêr't eltsenien maklik wat oanfreegje kin foar ienmalige dingen."
It CDA fynt dat sa'n fûns in goed idee is. De partij hat dêr ienmalich ekstra jild út de reserves foaroer. "En dan net foar kultuer mei in grutte K, mar foar kultuer yn de doarpen lykas teäter en hafabra", fertelt Douwstra.
Sjoch foar mear ferkiezingsnijs op ús dossierpagina.
Nijkommer Boer Burger Beweging (BBB), dy't heech skoart yn de peilings, fynt dat de fokus mear komme moat op de ynstellings yn it bûtengebiet, sa falt de lêzen yn harren ferkiezingsprogramma:
De provinciale ondersteuning van kennis, kunde en middelen wordt evenrediger verdeeld met meer focus op musea en andere culturele instellingen in met name het buitengebied. Hiermee wordt deelname aan cultuur, kunst en sport voor iedereen toegankelijker.
Under Wetter fan Tryater © Anna van Kooij
Edou Hamstra fan de PvdA fynt dat der in tiden fan besunigingen te gau nei kultuer sjoen wurdt. Se fynt it tige wichtich om kultuer te stypjen.

Feroarjende tiden

Hamstra: "Yn tiden dêr't fan alles op ús ôfkomt, is it just belangryk. Keunst en kultuer ferbynt ús. Sjoch nei Under Wetter fan Tryater. It is net allinnich in moai stik, mar it set ús ek oan it tinken."
It CDA fynt dat kultuer noch better oanslute kin by de maatskiplike ûntjouwings dy't no spylje. It Frysk Lânboumuseum soe in rol spylje kinne yn de stikstofkwestje of it Natuermuseum Fryslân yn edukaasje, neffens de partij.

Basisferlet

Linkse partijen lykas GrienLinks en Partij voor de Dieren binne it dêrmei iens. Se gean sels noch in stap fierder. "Cultuur is wel degelijk een basisbehoefte en een vitaal onderdeel van welzijn", seit GrienLinks-listlûker Charda Kuipers.
"Een samenleving gedijt het beste als er volop ruimte is voor tegenmacht, kritische geluiden en reflectie. Media en kunst vervullen hierin een belangrijke rol", sa fynt de Partij voor de Dieren.
Boppedat fynt GrienLinks dat mei de besunigings te bot op de feiten foarútrûn is. "Er is nu alleen gekeken naar een lijstje met basisdingen die een provincie moet doen, zonder na te denken over wat wij als provinciale politiek belangrijk vinden. Het is meer dan een rekensommetje: we moeten eerst de discussie voeren over wat we met cultuur willen en dan pas besluiten nemen", fynt Kuipers.