Nyck de Vries oan foarjûn Formule 1-seizoen: dit is wat der op de testdagen bart

Nyck de Vries by syn nije auto © Orange Pictures
Noch ien dei en dan begjint Nyck de Vries by AlphaTauri oan syn earste offisjele meters as fêste Formule 1-koereur. Yn Bachrein steane fan tongersdei oant en mei sneon de testdagen op it programma.
"It wurdt ôfwachtsjen oft Nyck en de auto in goede match foar inoar binne", seit Gerard Bos, ferslachjouwer foar FORMULE 1 Magazine. "Hy sil net al te lang hoege te wennen oan de auto, omdat it net syn earste meters yn de Formule 1 binne. Ik ha wol it idee dat hy der relaxed nei ta libbet."
De Vries makke ferline jier septimber al syn debút yn in Formule 1-race, doe't er by Williams Racing ynfalle mocht foar Alexander Albon. Hy behelle dêrby direkt twa punten foar it wrâldkampioenskip.

Subtop

Yn de testdagen sil bliken dwaan hoe goed oft de auto mei Honda-motor fan AlphaTauri dit seizoen is. Neffens Bos binne de earste berjochten goed.
"De AlphaTauri (it twadde team fan Red Bull, red.) liket mear op de auto fan Red Bull Racing as ferline jier. Dat is in goed teken, dus ik ferwachtsje dat Nyck yn de subtop meidraaie sil", sa seit Bos.

Minder testdagen

De teams kinne net it hiele seizoen troch de auto teste op it sirkwy. Bos fertelt: "Eartiids koene alle teams net it selde tal kearen oefenje. De teams mei it measte jild giene it faakst te testen. Dêrtroch waard it ferskil tusken de top en de rest hieltyd grutter. Om it wat earliker te meitsjen, ha se it tal testdagen beheind."
Ferline jier waard der noch test yn Barcelona en yn Bachrein. Bos fertelt dat it dit jier allinnich yn Bachrein is, sadat der kosten besparre wurde. "Se moatte dêr dochs al wêze foar de earste wedstriid. Boppedat binne der sa'n bytsje regels feroare, dat it net nedich is om ek nochris te testen yn Barcelona."

Kilometers meitsje

De Formule 1-teams krije mei de trije testdagen de kâns om safolle mooglik kilometers te meitsjen. Dit is wichtich, omdat it team dan sjen kin oft de auto it oankin en dus betrouber is.
Gerard Bos: "De earste fraach is fansels oft de auto wurket nei ferwachting. De twadde fraach is dan: hoe dogge de nije ûnderdielen it? Wurkje de nije fleugels sa't it team it yn gedachten hie?"
Nyck de Vries ferline jier yn aksje yn de Formule 1 © ANP Foto
De teams wolle it leafst dat de weinen safolle mooglik op it sirkwy binne. Dit betsjut nammentlik dat der gjin problemen of mankeminten binne.
As dy der wol binne, dan is it foute boel. "De crew wit dan dat der wat net wurket en sil der dus in soad tiid yn stekke moatte om it op te lossen. Dat kin al gau in heale dei kostje en dy tiid kinst dus net stekke yn it testen fan oare ûnderdielen", seit Bos.
In goed foarbyld dêrfan is Mercedes. Dat team stie jierrenlang boppe-oan, mar kaam der ferline jier mei de testdagen achter dat de nije auto net wurke neffens de nije regels. Bos seit dat guon minsken tochten dat se dit dienen om de konkurrinsje op in ferkeard spoar te setten, mar se wiene echt it bokje en begûnen mei in efterstân oan it seizoen.

Konkurrinsje

De teams wolle fan inoar witte hoe't se derop steane tsjinoer harren konkurrinten. De teams sille in soad nei elkoar sjen, mar sille net it achterste fan de tonge sjen litte by de testdagen.
"Je wolle se net mear ynformaasje jaan as se al hawwe. Je kinne bygelyks mear benzine yn de auto smite as nedich is. Sa lykje je stadiger as je echt binne. Of se ride in rûntsje sa't se normaal dogge, mar op de ein remje se ôf. Sa wit de konkurrint net hokker rondetiden oftst delsette kinst", seit Bos.
Nyck de Vries © ANP Foto
De bêste wize om der wol achter te kommen hoe goed in auto rydt, is troch te sjen nei hoe let oft ien remmet by de earste bocht nei it lange stik. "De letter se remje, de better de auto is. Dêr kinst echt oan sjen hoe fluch oft in bolide kin", seit Bos.
Der binne dus allegear trúkjes wêrmei't je derefter komme kinne hokker wein fluch is of wa't noch ferside boartet.
Je krije as sjogger nei trije dagen dus wol in reedlike yndruk fan wa't der goed foarstiet en wa't der wat minder foarstiet. Mar hoe rap oft in team is kinne je dus nea wis witte. "Mar it ûntdekken hjirfan is ek wer just it leuke oan dizze testdagen", laket Bos.