Fryske drummer Haye Jellema spilet mei yn commercial Robbie Williams

'Hoi Mem, ik bin op telefyzje, en dan ek noch mei Robbie Williams.' De Fryske drummer Haye Jellema spilet mei yn in reklamefilmke mei de Britske sjonger. Foar Haye wie it sa opmerklik dat er it op sosjale media sette.
Jellema komt oarspronklik fan Skearnegoutum. Hy wennet no yn Nijmegen. Syn famylje wennet noch wol yn Fryslân. Syn broer is de bekende podcaster en sjoernalist Botte Jellema fan Amsterdam.
Yn de commercial foar kattefretten sjongt Robbie Williams mei it Metropole Orkest. Jellema sit achter Williams te drummen. "Prachtich om in kear dwaan te meien", sa seit er.

Jellema is net de fêste drummer fan it Metropole Orkest. Hy spilet by in soad bands en orkesten, ek jazz en popmuzyk, en is ien fan de ynfaldrummers fan it Metropole. Datselde orkest hat in plaat opnaam mei Robbie Williams dy't in pear moanne lyn útkaam is. Nei alle gedachten leit dêr de konneksje, seit Jellema.
Yn it foar wist er net dat er achter in echte rockstjer sitte soe. Hy seach it pas yn de studio. Op in dei krige Haye in telefoantsje: oft er nei de studio komme woe foar opnames. Williams kaam op in stuit de studio yn en doe hawwe se in pear oeren opnames dien.
Haye Jellema oer commercial mei Robbie Williams
Haye hat net persoanlik mei Williams prate kind. "It is in aardige man, mar net yn de sin fan 'persoanlik kontakt en mei-inoar de kroech yn'. Yn it begjin wie er bot op syn opdracht rjochte. Letter like er him mear op syn gemak te fielen. Hy makke eachkontakt en grapkes."
Haye spilet wol faker mei it Metropole Orkest. "Tafallich wie ik ferline wike noch yn de Harmonie yn Ljouwert, mei Karin Bloemen en it orkest." Hy is no dwaande mei de tariedings foar in nije show fan de Dútsk-Nederlânske sjonger-kabaretier Sven Ratzke. Dy giet op 7 maart yn premjêre yn it De Lar Mar yn Amsterdam.