Rioelwetter yn Ljouwert wurdt hifke op oanwêzigens fan drugs en alkohol

Undersyk nei rioelwetter © ANP
De gemeente Ljouwert sil fan 8 oant en mei 14 maart ûndersyk dwaan nei it rioelwetter. It doel fan it ûndersyk is om in byld te krijen fan de aard en de omfang fan it drugsgebrûk yn Ljouwert.
De gemeente sil it ûndersyk útfiere yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân en ûndersyksynstitút KWR. De testen wurde útfierd by de wettersuveringsynstallaasjes yn de stêd. De útkomsten wurde yn de simmer ferwachte.
Mei de útkomsten hopet de gemeente te sjen yn hoefier drugs as kokaïne, xtc, speed, crystal meth en kannabis yn it wetter oanwêzich binne. Ek wurdt it wetter op de oanwêzigens fan alkohol teste.