Mearderheid Provinsjale Steaten stiet achter fierdere útwurking Holwert oan See

© Holwerd aan Zee
It projekt Holwert oan See krijt de kâns om de plannen fierder út te wurkjen. In romme mearderheid fan Provinsjale Steaten hat woansdei foar dat beslút stimd.
Allinnich Forum voor Democratie, ChristenUnie, PVV en steatelid Maarten Goudzwaard stimden tsjin. De stimferhâlding wie dúdlik: 29 stimmen foar en 13 tsjin.
Dy mearderheid kaam der net samar. Yn it middeisskoft fan Provinsjale Steaten ûnderhannelen de fraksjes fan CDA, PvdA, FNP, GrienLinks en D66 oer it yninoar skowen fan twa konkurrearjende amendeminten. Yn it belang fan Holwert oan See diene de partijen wat wetter by de wyn om ta ien mienskiplik foarstel te kommen.

Negatyf advys Deputearre Steaten

Deputearre Steaten hie earder in negatyf advys jûn oer it trochgean mei it projekt. Neffens deputearre Klaas Fokkinga soe de 'natuerlike fariant' fan Holwert oan See tefolle ôfwike fan de oarspronklike plannen út 2018.
Provinsjale Steaten stean efter Holwert oan See
Yn in earder stadium hienen It Wetterskip en LTO Noord harren al weromlutsen út de stjoergroep fan it projekt.
De Provinsje Fryslân hie in bedrach fan tsien miljoen euro tasein oan Holwert oan See. Sûnder dy finansjele stipe is it projekt 'folslein kânsleas' sei ien fan de inisjatyfnimmers, Marco Verbeek, earder.

Mear ynformaasje

Provinsjale Steaten giet dus tsjin Deputearre Steaten yn en wol no dat Holwert oan See dochs trochgiet mei it fierder útwurkjen fan de 'natuerlike fariant'.
De Steateleden hoopje wol mear ynformaasje te krijen oer de finansiering fan it projekt, de krekte bydragen fan partikuliere ynvestearders en de kosten fan it ûnderhâld fan dyktrochbraak, it keunstwurk yn de seedyk en de getijdemar.

'Oer skaad hinne stapt'

"Der is wer in hobbel naam, mar der binne noch hieltyd fragen dy't beäntwurde wurde moatte", seit CDA-fraksjefoarsitter Aebe Aalberts. "Wy geane no op nei de finish letter dit jier. It sil dan op 'e nij spannend wurde, want it is en bliuwt in kompleks projekt."
Sijbe Knol fan de FNP is bliid dat it lang om let slagge is om in mearderheid te finen foar it útwurkjen fan de plannen. "Fraksjes hawwe inoar yn de eagen sjoen en minsken binne oer it eigen skaad hinne stapt. It doek oer Holwert oan See falt hjoed (woansdei, red.) net. De minsken dêr kinne wer fierder en dat is moai."
Marco Verbeek, ien fan de inisjatyfnimmers fan Holwert oan See, is wiis mei de stipe fan Provinsjale Steaten. "Dit is in hiel posityf sinjaal, dêr't wy mei troch kinne. We hawwe dúdlikheid: we witte wat ús te dwaan stiet. Dêr moatte we folop mei oan de slach en ús net dwaande hâlde mei alle saken om de ynhâld hinne."
De kommende hjerst sille de nije Provinsjale Steaten op 'e nij oer Holwert oan See prate. Dan giet it oer it definityf tasizzen fan de provinsjale bydrage fan 10 miljoen oan it projekt.
De plannen foar Holwert oan See spylje al tsien jier. It earste idee wie om de seedyk troch te brekken, in skutslûs oan te lizzen om de Waadsee mei de Holwerter Feart te ferbinen. Der soe in grut tijmar mei leech en heech wetter oanlein wurde moatte.
De stichting dreamde ek fan in bûlevaar en jachthaven, mar nei fragen oer de helberens kaam der in útklaaide ferzje op tafel te lizzen. Yn dat plan leit de klam mear op de natuer en minder op de rekreaasjefoarsjenningen, mar it bliuwt in grut miljoeneprojekt.