Ferhalen socht oer ynfloed oarlochsjierren op deistich libben foar teäterfoarstelling

Theater Na de Dam (argyffoto) © ANP
Skouboarch De Lawei siket minsken (of har bern) dy't de Twadde Wrâldoarloch yn Drachten meimakke hawwe, en dy't har ferhalen diele wolle mei jongeren. Watfoar ynfloed hienen de oarlochsjierren op it deistich libben dat wer oppakt waard?
Ek ferhalen dy't har ôfspylje binnen de gemeente Smellingerlân binne wolkom. Op grûn fan dizze ferhalen meitsje de jongeren in foarstelling ûnder lieding fan teätermakker Angela van Arendonk. "Werd er nog over gesproken over de oorlog? Het mogen zware verhalen zijn, maar ook mooie verhalen", seit Van Arendonk. "Dat willen we spiegelen met het heden, wat maak je en wat is de impact daarvan? Zijn er overeenkomsten en verschillen en wat kun je ervan leren?"
Jong en âld gean yn petear mei elkoar en dy ferhalen tsjinje as ynspiraasjeboarne foar de foarstelling. "Die maken we met theater, dans, zang en muziek. Verschillende generaties kunnen van elkaar leren."
Belangstellenden kinne har foar 17 maart melde by De Lawei.
It projekt is in gearwurking tusken De Lawei en it nasjonale inisjatyf Theater Na de Dam, om by jongeren, buertbewenners en besikers bewustwurding te kreëarjen oer de skiednis fan de eigen omjouwing en it betinken fan de Twadde Wrâldoarloch.
De foarstelling is op 4 en 5 maaie yn Drachten te sjen.
Angela van Arendonk