Soarch set VR-bril en escaperoom yn foar leartrajekt

De VR-bril © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Foar soarchorganisaasjes stiet dizze hiele moanne yn it ramt fan de Slimme Zorg Estafette. Dêryn giet it om ynnovaasje yn soarch, wolwêzen en previnsje.
Dizze wike is it Noarden oan bar. Soarchorganisaasje Kwadrantgroep lit sjen hoe't sy de VR-bril en in escaperoom ynsette om te learen.
It doel fan de Slimme Zorg Estafette is it dielen fan ekspertize en leare faninoar. Elke wike is in oare regio oan set. Sy jouwe oan de ein it figuerlike stokje troch oan de folgjende regio.
By de soarchynstellings fan Kwadrant stiet 'oars leare' sintraal. Ingrid Breuker is programmamanager by Kwadrantgroep en mei sjen litte wat dat 'oars leare' foar de organisaasje betsjut. "Ferskate organisaasjes litte sjen wat se de ôfrûne perioade dien ha oan ynnovaasjes, nije technology en hoe't sy dat brûke yn de soarch."

Virtual reality

Kwadrantgroep set hieltyd faker virtual reality yn as learynstrument. Sa is in VR-training hâldings- en bewegingsrjochte soarch ûntwikkele wêrby't de soarchmeiwurker, troch de bril op te setten, yn de keamer fan in kliïnt oanwêzich is. Breuker: "Wy ha in soarte fan film opnaam weryn't je in kliïnt en in soarchmeiwurker sjen kinne. De soarchmeiwurker lit dat sjen hoe't dy de soarch ferlient."
It giet by de VR-training benammen om persoansrjochte soarch. "Nei de tiid besprekke wy wat wy sjoen ha en hoe't wy dingen oanpakke. Dêr kinne minsken wer fan leare", seit Breuker.
Soarch set VR-bril en escaperoom yn foar leartrajekt
Om soarchmeiwurkers te trainen op feardichheden dy't nedich binne, hat de Kwadrantgroep in spesjale escaperoom makke. As je de escaperoom yn komme, rinne je de hobbykeamer fan menear Z yn, fertelt koördinator Albertina Riemersma. "Do moatst in echte espaceroom spylje, mar der sitte dingen yn ferstoppe. Sa kinst feardichheden leare dy't hearre by persoansrjochte wurken."
Der wurdt bygelyks let op oftst de omjouwing goed yn dy opnimme kinst. "Do wolst der binnen in bepaalde tiid út komme, mar dêrby moatst net ferjitte om goed te sjen watst oan it dwaan bist", seit Riemersma.

Leare fan neibesprek

In trainer sjocht mei yn de escaperoom. As de groep ûntsnapt is, begjint it neibesprek. Riemersma: "De escaperoom is in leuk spul mei in hiel soad wille. Nei de tiid sit it leareffekt. Dan wurdt echt sjoen nei hoe't de minsken it dien ha."
Ingrid Breuker brûkt de VR-bril © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Woansdei komme meiwurkers fan oare soarchynstelings op besite om de VR-brillen en de escaperoom út te probearjen, fertelt Breuker. "Wy fertelle wat virtual reality en sa'n escaperoom foar harren betsjutte kin en hoe't se it brûke kinne yn oare soarchorganisaasjes."