Martin Sitalsing wurdt nije plysjesjef fan Noard-Nederlân

Martin Sitalsing © ANP Foto
Martin Sitalsing wurdt fan 1 juny ôf de nije plysjesjef fan Noard-Nederlân. Hy folget Gery Veldhuis op, dy't krekt opholden is. Sitalsing wie sûnt oktober 2019 de plysjesjef fan Midden-Nederlân.
"Ik heb het nog steeds uitstekend naar mijn zin in Midden-Nederland", seit de 61-jierrige Sitalsing. "Dat maakt de beslissing om over te stappen dan ook geen makkelijke. Maar de kans om nu terug te keren naar het Noorden, waar ik een groot deel van mijn eerdere loopbaan bij de politie, de GGZ en de Jeugdbescherming heb doorgebracht, wil ik graag grijpen."
"Ik kijk er zeer naar uit om in Noord-Nederland aan de slag te gaan met onder meer thema's als ondermijning, digitale criminaliteit en asielproblematiek", seit Sitalsing.

Earder al yn it Noarden

Tusken 2005 en 2009 wie Sitalsing plakferfangend korpssjef fan de plysjeregio Fryslân en dêrnei oant 2012 korpssjef fan Twente. Dêrnei waard er direkteur-bestjoerder fan Bureau Jeugdzorg Grinslân, dat yn 2015 opgie yn Jeugdbescherming Noord. Yn 2016 waard er foarsitter yn de Rie fan Bestjoer fan de noardlike ggz-ynstelling Lentis.
Yn 2019 kaam er as plysjesjef fan Midden-Nederlân werom by de plysje. Dêrmei waard er de earste plysjesjef ea mei in migraasje-eftergrûn.
Martin Sitalsing