Cast The Passion bekend en prosesjerinners en krúsdragers kinne har oanmelde

Bertrie Wierenga as Maria Magdalena yn The Passion 2023 © KRO-NCRV, fotograaf Sander Mulkens
Nei de haadrollen, mei dêryn de yn Fryslân opgroeide Bertrie Wieringa (as Maria Magdalena) en Dragan Bakema (as Pilatus), binne ek de nammen fan de dissipelen bekend makke dy't yn The Passion spylje.
Dêrby sitte ûnder oare aktrise Annette Barlo en reedrider Michel Mulder en ek de Harnzer muzikant Boaz Roelevink.
Earder waard al bekend dat Sinan Eroglu de rol fan Jezus yn The Passion spilet en dat de rol fan Judas spile wurdt troch Buddy Vedder en Marlijn Weerdenburg spilet Maria.
It spektakel is dit jier foar it earst wer mei publyk nei de coronakrisis. Om mei te rinnen mei de prosesje kinne minsken har no oanmelde. En ek krúsdragers kinne har oanmelde.
It ferhaal giet oer de lijenswei fan Jezus Christus oan de hân fan moderne, populêre muzykhits. It is in ferhaal oer leauwen, hope en leafde, neffens de KRO-NCRV dy't it útstjoert.
The Passion is op 6 april yn Harns te sjen en wurdt live útstjoerd op NPO1.
Cast fan The Passion 2023 © KRO-NCRV, fotograaf Sander Mulkens