Wer staking yn streekferfier; treinen Arriva ride wol; helte fan bussen rydt

Staking yn streekferfier (argyffoto) © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yn it iepenbier ferfier wurdt hjoed wer staakt. De treinen fan Arriva yn Fryslân en Grinslân ride wol. Fakbûnen FNV en CNV wolle bettere arbeidsbetingsten foar 13.000 wurknimmers, benammen bussjauffeurs. Ek freed wurdt staakt.
Yn Fryslân rydt sa'n 50 prosint fan de bussen. Mear ynformaasje oer de staking is te finen op www.arriva.nl/staking.
Ek de ûnderhannelingen foar in nije cao foar treinpersoniel sitte fêst. CNV hat personiel oproppen om tongersdei te staken om Zwolle hinne.
Earder dizze moanne wie der al in staking fan fiif dagen. De ûnderhannelingen oer in nije cao sitte fêst.
De Vereniging Werkgevers Openbaar Vervoer (VWOV) liet earder witte dat de stakingen neat bringe sille, want de wurkjouwers kinne net oan de easken fan de fakbûnen foldwaan.