Oranjefroulju nimme knap revâns op Eastenryk mei 0-4 winst

Kerstin Casparij © Orange Pictures
De fuotbalfroulju fan Oranje hawwe mei 0-4 in sterke oerwinning behelle yn in oefenynterlân tsjin Eastenryk. In moaie revâns, om't sy freed noch mei 2-1 fan Eastenryk ferlearen yn in oefenduel.
Oranje begûn de wedstriid troch goed druk te setten, mei ûnder oare Kerstin Casparij fan It Hearrenfean yn de basis. De druk die fertuten want nei 13 minuten wie it Lineth Beerensteyn dy't de 0-1 makke foar Nederlân.
De twadde goal mocht Lieke Martens op har namme skriuwe. Dit doelpunt kaam út in frije traapwei, nei goed fjirtich minuten fuotbaljen. Sa giene de Oranjeliuwinnen mei 0-2 it skoft yn.
Bûnscoach Andries Jonker liet de opstelling earst itselde, mar helle nei in oere dochs Sherida Spitse fan Snits it middenfjild op. Sy ferfong Damaris Egurrola yn de ploech.

Op 'e nij twa doelpunten

It wie op 'e nij Beerensteyn dy't dêrnei in doelpunt makke, dy't noch gjin minút letter opfolge waard troch in goal fan Esmee Brugts. Sy skeat earst op de peal, mar bedarre doe op it goede plak om de bal wol binnen de peallen te krijen.
Yn de lêste faze fan it spul folge noch in trijedûbele wiksel. Dêrby ferliet ek Casparij it fjild. Dêr bleau it net by, want it Nederlânske team wiksele nochris twa froulju. It brocht gjin feroaringen mear yn de stân, mei 0-4 sleepten de froulju in moaie winst binnen.