In 'Binnenbos' yn Harns: op dizze skoalle wurde de lokalen hieltyd griener

Op moandei fersoargje de bern de plantsjes fan harren 'Binnenbos' © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
IVN Natuureducatie hat in inisjatyf opset om mear planten yn skoallen te krijen. Dat sa'n grien klasselokaal in positive ynfloed op learlingen en har prestaasjes hat, fernimme se op IKC Prins Johan Friso yn Harns.
Mear grien op skoallen is goed foar de konsintraasje en de luchtkwaliteit yn de klasse en ferminderet de lûdsoerlêst. It ynstitút foar natueredukaasje hat dêrom in projekt opset om skoallen te foarsjen fan spesjale pakketten mei planten, potten, grûn en lesmateriaal.
Learlingen plantsje de bosk sels oan, fersoargje de planten en leare de stekjes op te kweken. 'Binnenbos', sa hjir it inisjatyf. Dêrmei hat de organisaasje no al sa'n 200 skoallen in stik griener makke.
In 'Binnenbos' soarget foar in noflik klasselokaal
Op de skoalle yn Harns is it Binnenbos net it ienige griene projekt dat se ha. Se ha op it skoalplein ek al in Voedselbos. De grutte driuwkrêft efter al dit grien is juf Jannie Kooistra: "Wy moatte it fan bûten nei binnen lûke, foar bern is it tige wichtich om mei planten en natuer yn oanrekking te kommen."
Beaudine fynt it noflik om plantsjes yn de klasse te hawwen © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De learlingen fan groep 5 en 6 fiele harren der goed by. Beaudine fernimt dat se har mei de planten har better konsintrearje kin: "Sommige vinden ze heel mooi en ze kijken er graag naar." Beaudine helpt har heit ek thús yn de tún: "Hij is al heel oud, en dan help ik met onkruid wieden."
De plantsjes yn de klasse soargje foar soerstof © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Teun fynt de planten moai om't se ek sûn binne. En it fersoargjen fan de planten skept ek in bân. "Ik heb ook een lievelingsplant", seit Teun "De pannenkoekplant. Die wil ik wel hebben." Planten mei griene bledsjes fynt Teun it moaist. Anne fynt de planten gewoan fleurich. "Het ziet er mooi uit."
Juf Jannie Kooistra © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Juf Jannie fynt al dat grien smûk en gesellich en sjocht dat it better is foar de konsintraasje fan de bern yn de klasse. Sy is wiis mei it fersprieden fan de plantsjes. "We binne sa lekker dwaande dat ús oare groepen it ek al dwaan wolle."