Undersyk nei weardefolle Fryske ynterieurs krijt stipe fan provinsje

Stichting Interieurs in Fryslân krijt fan de provinsje 40.000 euro subsydzje. Dat moat helpe om in gigantyske ynventarisaasje fan histoaryske en weardefolle ynterieurs fan gebouwen yn Fryslân klear te krijen.
Yn totaal giet it om rûchwei 10.000 gebouwen dy't ûndersocht wurde. Dat ynventarisearjen kostet tonnen, dus de stipe fan de provinsje is tige wolkom. "Dit komt ons buitengewoon goed uit, simpelweg omdat we het geld ook nodig hebben", sa leit foarsitter Ap Timmermans út.
Gemeenten drage ek by oan it projekt, mar der binne ek oare sponsoaren en erfgoedorganisaasjes. "Het is zeker niet zo dat met dit geld het hele project eventjes gedaan is."

Yn Fryslân binne flink wat huzen en pleatsen mei in rike skiednis. Faak is allinne wat bekend oer de bûtenkant fan dizze wenningen. Mei in provinsjebrede ynventarisaasje fan de stichting moat dat feroarje. Oant no ta is sa'n 60 persint fan de totale opjefte ynventarisearre.
Noch 40 persint te gean
De stichting is yn 2013 oprjochte en begûn mei in pilot. Yntusken is de ynventarisaasje yn Súdwest-Fryslân, Harns, Waadhoeke, Ljouwert en it eardere Dongeradiel al klear. Ferskate gebieten yn Noardeast-Fryslân wurde op dit stuit dien en Weststellingwerf is yn tarieding.
Noch 40 persint te gean dus. Timmermans: "De gemeenten waar we dit werk nog willen doen liggen vooral in het zuidwesten en zuidoosten, plus de eilanden. De kosten worden op zo'n 335.000 euro geschat, waarvan een kleine twee ton door de gemeenten moet worden bijgedragen."
Mar de 40.000 fan de provinsje is in moaie triuw yn 'e rêch, jout de foarsitter oan. It jild is nedich, want it giet om in gigantyske logistike operaasje. "Je moet naar binnen, wil je kunnen inventariseren. Dat betekent gewoon dat je daar mensen naartoe moet sturen, er moeten afspraken over gemaakt worden."

Boppedat binne de kosten yn de ôfrûne tiid tanaam. Earst waard der in soad mei frijwilligers wurke, mar de stichting moat hieltyd mear mei ZZP'ers wurkje. Yn duo's bringe keunst-, bou- en arsjitektuerhistoarisy besiten oan fjouwer huzen op in dei.
Benammen huzen en pleatsen
Stichting Interieurs in Fryslân hat foar de operaasje in groslist makke fan de monuminten. "Dan heb ik het vooral over woonhuizen en boerderijen", leit Timmermans út. "Want van publieke en semipublieke gebouwen zoals kerken, landhuizen en stadhuizen zijn de interieurs wel bekend."
Mar by it oanwizen fan wenhuzen as Ryks- en gemeentlike monuminten is faak allinne de bûtenkant sjoen, seit Timmermans. "We weten dus niet wat er aan interieurwaarde aan de binnenkant zit."

De hoop by de stichting is fansels dat as minsken de wearde kenne, it ek better bewarre bliuwt foar de takomst. "Er is veel onbewust gesloopt, laat ik het maar voorzichtig formuleren. Veel mensen weten niet welke onderdelen van hun huis nu zo belangrijk zijn."
Behâld troch kennis
In soad eigeners fan gebouwen binne wiis mei de ynformaasje dy't se krije. "Ze zijn blij dat ze te horen krijgen dat onderdelen van hun schoorsteenmantel of anderszins heel waardevol zijn."
Mar in lyts part fan de minsken is net ree om mei te wurkjen. "De praktijk leert dat van de mensen waar we contact mee kunnen krijgen maar zo'n vier procent niet meewerkt. Tegelijkertijd zijn wij als stichting alleen bezig met het vastleggen van waar nog waarde is. Wij gaan niet over beheer en het verlenen van vergunningen."

De mega-ynventarisaasje smyt allerhanne data op: hûnderttûzenen foto's fan eleminten yn ynterieurs en listen mei beskriuwingen fan wat der noch yn de huzen sit. Dy ynformaasje giet nei de gemeenten, mar ek nei histoarysk sintrum Tresoar.
Yn in databank beskikber
De gegevens komme yn de takomst foar eltsenien beskikber. Al sille de fynsten net werom te lieden wêze ta in wenplak, strjitte of hûsnûmer. Want it giet om privacygefoelige ynformaasje, dêr't gjin misbrûk fan makke wurde moat. "Wil je meer studie doen, dan zul je bij ons of Tresoar moeten vragen of de eigenaar bereid is aan een nadere studie mee te werken."