Monumentenwacht fersoarget al 50 jier de APK foar Frysk erfgoed

Ynspekteur Sikke Brouwer fan Monumentenwacht Fryslân © Omrop Fryslân
Trepgevels, sierlike lûken, glês-yn-lead: it kinne allegearre kenmerken wêze fan in monumint. Yn Fryslân steane dêr tûzenen fan en sy wurde sûnt 1973 yn de gaten holden troch Monumentenwacht Fryslân, dat dus 50 jier bestiet.
Bysûnder is dat de lanlike Monumentenwacht yn Fryslân úteinset is. Sûnt 1973 hâldt de organisaasje tafersjoch op hast 2.150 histoaryske bouwurken en grien erfgoed. Foar it jubileum organisearret de stichting ferskate feestlikheden.
Yn maart wurdt in sympoasium hâlden foar it 50-jierrich jubileum. En tongersdei ûntbleatsje monumintewachten geveldoeken op ferskate âlde gebouwen, lykas de Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert.

It Fryske erfgoed bewarje

Monumentenwacht Fryslân ynspektearret gebouwen op har steat fan ûnderhâld, fertelt direkteur Eefje van Duin. "De monumentenwacht is er specifiek om eigenaren te helpen om goed voor hun pand te zorgen."
Monumentenwacht fersoarget al 50 jier de APK foar Frysk erfgoed
Sy fynt it wichtich dat minsken witte wat de Monumentenwacht krekt docht. "Bij mij thuis heeft de goot ook wel eens gelekt en dat duurde bijna een jaar voordat ik dat goed gezien had. Daarom is het zo belangrijk dat er eens in de zoveel tijd iemand langs een monument gaat en alles voor je nakijkt."

'APK' foar in monumint

De stichting bringt nei in ynspeksje ferslach út oan de eigener, leit Sikke Brouwer fan de Monumentenwacht út. Frijbliuwend en ûnôfhinklik wurdt advys jûn.
"De bewenner kin sjen wat der oan it pân mankearret en kin dêr ûnderhâld oan útfiere litte. De ynspeksje is in soarte fan APK foar de wenning. Sa'tst dyn auto troch in garaazje keure litst, dogge wy dat mei monumintale gebouwen."
Ynspeksje fan it jachthûs yn Ketlik, boud yn 1916 troch de famylje Bieruma Oosting © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
In pân wurdt net samar in Ryksmonumint, seit Van Duin. "Het heeft met de geschiedenis van de plek en van het pand te maken. Maar ook met de details en de authenticiteit."
In goed foarbyld is in âld jachthûs yn Ketlik. "Als je kijkt naar de trapgevel, de afwerking van het glas-in-lood en de luiken. Dat heeft echt iets monumentaals."
It ynterieur fan it monumint © Omrop Fryslân
Ek in ynterieur binnen is fan belang. "Bijvoorbeeld de schouw die er nog in zit. Dat bepaalt op een gegeven moment dat we zeggen: dit willen we bewaren. Dat kan het dan op een gegeven moment tot een Rijksmonument maken."