Wetterskip bliuwt tsjin Holwert oan See: leden fluitsje deistich bestjoer net werom

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân bliuwt by it stânpunt om net werom te kommen yn de stjoergroep foar Holwert oan See. Ek as Provinsjale Steaten it projekt woansdei wol stypje, bliuwt Wetterskip Fryslân dus tsjin.
Yn novimber makke it deistich bestjoer yn in koarte ferklearring kenber ôf te heakjen as partner yn it projekt Holwert oan See. Wetterskip Fryslân sei gjin helderheid te krijen oer eigendom, behear, ûnderhâld en it finansierjen dêrfan.
Earder stelden yngenieursbedriuwen al fraachtekens by de helberens en útfierberens. Wa draait bygelyks op foar de kosten fan it behear fan de geul yn de dyk?
It deistich bestjoer fan it wetterskip joech dêrom oan net mear partisipearje te wollen yn Holwert oan See. Dit deistich bestjoer is te fergelykjen mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn in gemeente.
"Net genôch wissichheden"
Bé de Winter is lid fan it deistich bestjoer dat de kar makke. Hy ljochtet dat nochris ta: "It hat it beslút fan it deistich bestjoer west, wy fûnen dat wy net genôch wissichheden krigen. Dat gie oer in tal ûnderwerpen: benammen oer eigendom, behear en ûnderhâld. Dat is foar ús hiel krúsjaal."

"Der komt mooglik in gat yn de dyk, dêr moatte foarsjenningen foar komme. It moat fansels bestindich wêze tsjin grutte stoarms. Dus dat is in hiele ynvestearring en dat bliuwt in fraachstik dêr't noch hieltyd gjin oplossing foar is. Der is ek gjin sicht op in oplossing."
Dêrop besleat it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân dus út de stjoergroep te stappen. Yn dy stjoergroep sieten de meast belutsen partijen: de provinsje, Noardeast-Fryslân, LTO, de Fûgelbeskerming en Stichting Holwerd aan Zee.
"Wy prate wol fierder mei it gehiel en stelle ús easken, mar prate net mear mei yn de stjoergroep", beslút De Winter.

In wetterskip hat njonken in deistich bestjoer ek in algemien bestjoer. Dêryn sitte allerhanne fertsjintwurdigers, fergelykber mei in gemeenteried. Sy kontrolearje oft it deistich bestjoer it belied goed útfiert.
Binnen dit algemien bestjoer stie net elkenien efter de kar fan it deistich bestjoer om him werom te lûken. Monique Plantinga fan de partij Water Natuurlijk hold bygelyks in fûl betooch wêrom't Wetterskip Fryslân dochs weromtrede moatte soe ta de stjoergroep.
Plantinga konkludearre dei it deistich bestjoer in beslút naam sûnder it algemien bestjoer dêryn te kennen.
Gjin mearderheid om deistich bestjoer werom te fluitsjen
Plantinga hat mei in tal oare partijen binnen it algemien bestjoer noch neitocht oer in eventuele moasje om by it deistich bestjoer oan te trunen ta weromstappen yn de stjoergroep. Mei sa'n moasje soe it deistich bestjoer dus weromfluite wurde kinne.
Uteinlik die bliken dat dêr gjin mearderheid foar wie. It grutste part fan de partijen is it dus iens mei de kar fan it deistich bestjoer om út Holwert oan See te stappen. "Het zou een motie voor de bühne zijn geweest en dat heeft geen zin", sa seit Plantinga.

Plantinga skikt har yn it beslút fan de mearderheid, al hie sy it leaver oars sjoen. "Je moet ook eens een punt zetten. Dit kan natuurlijk niet eeuwig slepen. Maar we weten dat de mensen in het gebied juist nu druk bezig zijn met de onderwerpen waarop het dagelijks bestuur heeft gezegd eruit te stappen. Aan die punten wordt gewoon gewerkt."
It is neffens har in langrinnend en kompleks projekt dat tiid nedich hat. "Dan denken wij, ga dan gewoon in die stuurgroep zitten. Het wordt dit jaar duidelijk en neem dan het besluit over Holwerd aan Zee."
Djoerder as der yn oktober gjin dúdlikens is
Portefúljehâlder De Winter warskôge moandeitejûn yn de wetterskipsgearkomste ek dat Holwert oan See in stik djoerder útfalle kin as yn de hjerst dúdlik is hoe't it fierder giet. Dat hat te krijen mei lanlike ôfspraken dy't Wetterskip Fryslân hat mei it nasjonale Heechwetterbeskermingsbrogramma.
Yn de simmer moat Wetterskip Fryslân plannen foar de dykfersterking tusken Koehoal-Lauwersmar presintearje. De Winter hopet dat rekke te kinnen oant de hjerst, want as der in gat yn de dyk komt, dan moat it dykfak Holwert oanpast wurde foar it fersterkingsplan.

Piet Kuipers fan it algemien bestjoer (CDA) bliuwt wol efter de kar fan it deistich bestjoer stean. "Het is een daadkrachtige keus. Het scheidt ook de rol van de provincie en de rol van Wetterskip Fryslân enigszins. Wij zijn meer een functionele overheid, dan dat we uitvoerend moeten zijn."
Oft Kuiper huverich is foar in mooglike trochbraak yn de dyk? "In principe wel. We hebben in verkiezingstijd ook altijd gezegd: veiligheid staat op nummer één. Eigenlijk zouden we hier voor het plezier een gat in de dijk maken. Dat mag niet voor rekening komen van onze belastingbetaler."