HEA! Mellie, de prinses fan de Bokkestâl
HEA! Mellie, de prinses fan de Bokkestâl
Mei it karnaval yn Bokkedam (Bakhuzen) swaait prinses Mellie de 44ste den Urste de skepter oer de skoalle De Toekomst, dan better bekend as 'Bokkestâl'. Under har lieding wurdt der host, songen, feestfierd en spultsje dien.
Prinses Mellie iepenet it feest mei in echte speech. Dan geane alle bern, moai ferklaaid, yn polonêze de skoalle yn. En ek de 'grutte' prins fan Bokkedam, prins Ronaldus den Urste, komt mei syn ried fan Alve del om mei te feesten.