Welcome to The Village wol dit jier wat organisearje op terrein âlde skipswerf

Welcome to The Village © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Festival Welcome to The Village ûndersiket oft se dit jier dochs sichtber wêze kinne en wat biede kinne dêr't publyk hinne kin. Se hawwe hjirfoar in terrein fûn fan in âld skipswerf oan de Greunswei yn Ljouwert. Alles hinget no ôf fan de mooglikheden fan in fergunning foar dit plak.
WTTV ûndersiket dat op it stuit mei de gemeente Ljouwert. Mocht it trochgean, dan sil dat wierskynlik ein septimber wêze en yn lytse foarm. It soe dan allinnich dit jier op dat plak wêze.

Griene Stjer

In pear moanne lyn hawwe de trije festivals dy't gewoanwei altyd yn it Griene Stjergebiet plakfine besletten om dit jier gjin festival dêr te organisearjen. It giet om Welcome to The Village, Promised Land en Psy-Fi. De festivals wolle it risiko net nimme dat de rjochter op it lêste momint in streek troch de festivals set. Dat is yn 2021 bard mei Welcome to The Village en yn 2022 mei Psy-Fi.
De gemeente is op it stuit drok dwaande mei it feroarjen fan it bestimmingsplan fan de Griene Stjer, sadat der net elts jier in fergunning foar de festivals ôfjûn hoecht te wurden.
De gemeenteried sil hjir foar de simmer oer gear. De ferwachtings binne dat ek tsjin dit fernijde bestimmingsplan beswier komme sil. De festivals wolle dêrom dat de gemeente ek oare lokaasjes ûndersiket foar it hâlden fan festivals.