Natuersintrum De Noordwester op Flylân krijt ien miljoen fan it Waadfûns foar ferbouwing

De Noordwester op Flylân yn 2014 © Google Streetview
Natuersintrum De Noordwester op Flylân krijt 999.562 euro foar harren ferbouwing fan it Waadfûns. It sintrum wurdt foar in lytse twa miljoen euro ferboud en werynrjochte.
It gebou krijt ûnder mear in 'opvallende transparante entree' en wurdt ferduorsume. Ek it ynterieur en de tún krije in opknapbeurt. Ek ynhâldlik wurdt it museum fernijd, sa komt der ûnder mear in nije yndieling oan de hân fan ferskate tema's. Hjirby steane de kwaliteiten en de kwetsberens fan it Waadgebied sintraal.
Neffens it Waadfûns foldocht it projekt oan ferskate doelen fan it fûns, wêrûnder dy fan 'duorsum kwaliteitstoerisme'.