Douwe Egberts-wurknimmers lizze it wurk nochris trije dagen del

De meiwurkers fan it JDE-fabryk op De Jouwer lizze woansdei, tongersdei en freed op 'e nij it wurk del. It fabryk is bekend fan ûnder oare Douwe Egberts en Pickwick.
Ferline wike leinen de wurknimmers it wurk ek al twa dagen del. Neffens CNV Vakmensen-bestjoerder Jikkie Aalberts is der fan de wurkjouwer út net genôch bard om fierder te kinnen.
De wurkjouwers en fakbûnen koenen it yn eardere oerlizzen oer in soad punten wol iens wurde, mar net oer de leanen. "Onze leden eisen een structurele loonsverhoging voor iedereen van 8 procent plus 100 euro", seit Aalberts. De kofje- en teeprodusint fynt dat lykwols tefolle en wol net fierder gean as in leansferheging fan goed 6 persint en ien kear 500 euro.
De produksje wurdt woansdei om 6.00 oere moarns stillein yn fabriken op De Jouwer en yn Utert. Sneon 25 febrewaris wurdt de produksje dan nei 72 oeren wer opstart.