Fries Museum krijt skinking fan in miljoen fan lotterij

It Fries Museum hat in miljoen euro krigen fan de Vriendenloterij foar it projekt Fries Museum op Paad. Mei dat projekt sil in spesjale bus troch de provinsje ride om kolleksjestikken sjen te litten.
De stikken gean werom nei it plak dêr't se weikomme. Sa giet it swurd fan Grutte Pier werom nei Kimswert, in segelstimpel nei Kûbaard, it poppehûs fan Clara van Sminia nei Aldtsjerk, in archeologyske fikingskat nei Tsjummearum en in drinkhoarn nei Reduzum.
It Fries Museum wol op de plakken dêr't de bus komt, ferhalen fan minsken ophelje en mei weromnimme nei it museum, om se dêr te ferwurkjen.
De bus sil trije jier lang ride.