Tsientallen sikehuzen stake fan heal maart ôf: doarren ticht foar net-spoedeaskjende soarch

Yngong fan it MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn hiel Nederlân slute tsientallen sikehuzen fan heal maart ôf de doarren foar net-spoedeaskjende soarch. Dat melde de fakbûnen. De wurknimmers stake foar ûnder oare foar mear lean.
Dat is besletten nei't de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen (NVZ) witte litten hat dat it net yngean sil op it ultimatum fan de bûnen. Dat ultimatum duorre oant 12.00 oere. It giet foarearst om ien wurkdei wêrop't aksjefierd wurdt. Neffens de FNV is it tsjin de regels om allegearre tagelyk oan ien stik it wurk del te lizzen.
Tsientallen sikehuzen stake fan heal maart ôf
"We hadden het wel gedacht, maar niet gehoopt", seit Elise Merlijn, bestjoerder en cao-ûnderhanneler foar FNV Zorg & Welzijn. De bûnen hawwe it oer in "historisch hoge" stakingsbereidheid en ferwachtsje dat dy noch heger wurdt.
De sikehuzen fine dat se al genôch bean hawwe. Sy bliuwe by de 13 persint dy't se earder al oanbean hiene, tegearre mei oare oanpassingen lykas op it mêd fan wurkomstannichheden. De leansferheging mei 15 persint dy't de fakbûnen freegje soe net mear te beteljen wêze, seit it NVZ.
It giet om in cao foar goed 200.000 sikehûsmeiwurkers yn Nederlân.