Flylân wol útwreiding Hotel de Wadden noch net tasizze

De gemeenteried fan Flylân makket foarearst gjin útsûnderingen foar Hotel de Wadden. Westcord wol it hotel ferbouwe, mar in part fan de gebouwen mei net foar hoareka brûkt wurde.
It kolleezje fan Flylân kaam ferline wike mei in negatyf advys foar de útwreiding. De famylje Westers, eigener fan it hotel, moast dat nijs út de krante fernimme, sa fertelde Harry Jack Westers.
Mar dat wie net it iennige dat foar fernuvering soarge. "Vooral ook dat het college negatief adviseert."
Neffens Westers krige it plan earder nammentlik wol stipe fan it kolleezje. Dat seit ek de doetiidske wethâlder, no riedslid Dick Visser fan Nieuw Liberaal.
"Ik ben nog steeds enthousiast over het plan van toen", seit Visser. Mar de plannen wiene doe noch net njonken it bestimmingsplan lein. "Blijkbaar past het nu niet binnen de ruimtelijke kaders."

It hotel fan Westcord sit foar in part yn pannen dy't net foar hoareka brûkt wurde meie. Om ta in oplossing te kommen wol wethâlder Roel de Jong graach yn petear mei de hotelfamylje. Mar dan moast de ried earst wol beslisse; oft se tasizze wol de bestimming oan te passen. Nee, sa oardiele de ried unanym.
Wethâlder De Jong moat no wer werom nei de famylje Westers om ta nije plannen te kommen. As bliken docht dat der dochs in útsûndering foar it bestimmingsplan nedich is, dan kin de ried dêr letter noch in beslút oer nimme.
Dêr kin Westcord op hoopjen bliuwe: út de gemeenteried wei kaam in soad sympaty foar de famylje. Sy begûnen harren hotelketen mei Hotel de Wadden en de lêste bewenner fan de huzen wie sels Harry Westers, desennia lyn.