Underwiisminister Dennis Wiersma: Frysk heart yn Fryslân by de basisfeardichheden

Minister fan Underwiis Dennis Wiersma hat moandei trije Fryske lessen folge op de Westermarskoalle op De Jouwer. Hy krige in les oer dino's, in les oer de skiednis fan De Jouwer en hy die mei oan in les toaniellêzen yn de Wizard of Oz.
"Het ging mij wel aardig af, geloof ik", sei Wiersma oer syn foarlêsbeurt. "Je moet er wel weer een beetje inkomen, maar als je vroeger op school Fries hebt gehad, zoals ik, dan is het later een stuk gemakkelijker om het te kunnen verstaan, lezen en spreken. Het is een basis die je nodig hebt in Fryslân en die ook bij Fryslân hoort."
Fryske lessen foar minister Dennis Wiersma op 'e Jouwer
Op de Westermarskoalle binne se fan betinken dat Frysk op skoalle it bêste wurket as je de taal ek brûke by oare fakken en aktiviteiten. Dat is ek de miening fan de provinsje Fryslân en ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. Minister Dennis Wiersma, dy't sels opgroeide yn Frjentsjer, woe dat wolris mei eigen eagen sjen en meimeitsje.
Foar de skoalle waard de minister opwachte troch in in grut ûntfangstkomitee dat njonken bern ek bestie út ûnder oare kommissaris fan de Kening Arno Brok, taalskipper en deputearre Sietske Poepjes en boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren.
Minister fan Underwiis Dennis Wiersma op 'e Jouwer
Alle ûnderwizers fan de Westermarskoalle hawwe de kursus 'Klasse Frysk' dien. De skoalle wol no linkendewei it nivo fan it Frysk optille fan profyl C nei profyl A troch de taal mear te brûken.
Minister Wiersma giet alle wiken op syn minst ien kear op besite by in basisskoalle. Yn syn belied leit er de klam op de basisfeardichheden taal en rekkenjen. Yn Fryslân heart dêr neffens de minister it Frysk ek by.
Net earder fertoand
De Fryske bestjoerders wiene goed te sprekken oer de wurkbesite. In minister fan Underwiis dy't trije Fryske lessen folget en meidocht oan in toanielstik, dat is net earder fertoand.
Boppedat stipet de minister de ambysje fan de provinsje om it tal skoallen mei in ûntheffing foar it fak Frysk ôf te bouwen. "We willen het de komende jaren voor elkaar krijgen dat het op alle scholen wordt aangeboden. We gaan daarvoor extra investeren in het opleiden van de leraren en goed lesmateriaal."
Skoaldirekteur Bert Kampherbeek en taalkoördinator Anneke Mandemaker