'Grutte brân' by fiskpanearbedriuw op De Lemmer ûnder kontrôle

De brânwacht yn aksje foar de brân by it bedriuw op De Lemmer © ProNews Producties
De brânwacht hat it sein 'incident meester' ôfjûn nei in melding fan in 'grutte brân' by in fiskpanearbedriuw oan de Vuurtorenweg op De Lemmer.
Der wie in soad reekûntwikkeling ûntstien yn in romte mei oalje foar it ferwurkjen fan fisk. De reekmelder gie dêrtroch ôf.
Ferskeidene brânwachtkorpsen waarden oproppen om de brân te bestriden, mar sy koenen al gau werom nei de kazerne.
It pân is wer frijjûn en de meiwurkers kinne yntusken wer oan it wurk.