Sahraoui blinkt út yn Fryske derby: "Smaakmakker wêrfoar't je nei it stadion komme"

Sportcast © Omrop Fryslân
Osame Sahraoui makket yndruk yn syn earste wiken by sc Hearrenfean. Yn de Sportcast wurdt de rol fan de Noar yn de Fryske derby priizge.
Hy makke ien doelpunt en stie oan de basis fan it twadde doelpunt fan Hearrenfean: it mei dúdlik wêze dat Sahraoui syn fisitekaartsje ôfjûn hat yn de wedstriid tsjin SC Cambuur. Omrop Fryslân-analist Sandor van der Heide neamt Sahraoui ien om yn de gaten te hâlden: "Dit kan echt een heel goede voetballer worden", seit de âld-prof.
Ek sportferslachjouwer Geert van Tuinen hat fan de 21-jierrige dribbeler genoaten: "It is geweldich om te sjen. Dit is wer sa'n smaakmakker wêrfoar't je nei it stadion komme."
De fraach oft Sahraoui al by de bêste linksbûtens heart fan de earedivyzje, beäntwurdet sportferslachjouwer Roelof de Vries noch mei in 'nee'. Ek sportferslachjouwer Andor Faber ropt op ta kalmte: "Dat kinne we no noch net sizze, it wie pas syn earste basisplak."
Troch de nederlaach yn de Fryske derby sjocht it perspektyf foar SC Cambuur der hieltyd dreger út. Mei noch tolve wedstriden te gean, stean de Ljouwerters op it lêste plak. De marzje mei it feilige fiiftjinde plak is oprûn ta sân punten. Van Tuinen is pessimistysk: "Ik ha it idee dat der juster mentaal sa'n dreun útdield is, dat it in dreech ferhaal wurdt."
De Vries hat noch wol hoop op hânhavening foar Cambuur: "Ik fyn se net kânsleas", leit er út. "Grins hat sa'n minne rige, dy winne neat mear. FC Emmen is gjin wûnderploech. En Excelsior wint ek net folle mear. Tusken dy fjouwer ploegen giet it."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.