Trije ferwûnen nei eksploazje op boat yn Haskerdiken

De brânwacht en ambulânse kamen manmachtich op it ynsidint ôf © ProNews Producties
Der hat in eksploazje plakhân op in boat yn Haskerdiken. Dêrtroch is der brân ûntstien. De brânwacht skaalde op nei 'middelbrân', mar it fjoer is yntusken út.
It ynsidint spile him ôf op jachthaven Heersloot yn it doarp. Der binne trije minsken ferwûne rekke, wêrfan ien slimferwûne. Dy lêste is troch in traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs. De oaren waarden mei in ambulânse nei it sikehûs ferfierd. It Mobyl Medysk Team (MMT) wie ek teplak om help te ferlienen.
De eksploazje en de brân binne ûntstien troch in ûngelok, meldt de brânwacht.