Fûgelgryp slacht ta ûnder seekobben

In deade seekob © ANP
It Dutch Wildlife and Health Centre (DWHC) en Sovon Vogelonderzoek warskôgje dat de fûgelgryp rûngiet ûnder seekobben. Sûnt de lêste wike fan jannewaris rint it tal meldingen fan deade of sike fûgels op.
Omdat de fûgels har fan maart ôf yn grutte groepen sammelje by briedkoloanjes en op sliepplakken, moatte terreinbehearders tige wach wêze, is it advys fan DWHC en Sovon.
Yn Nederlân is de fûgelgryp al befêstige by fiif deade seekobben yn Rotterdam en omkriten en yn Ermelo op de Feluwe. Deade seekobben binne noch net fûn yn Fryslân, mar de fûgel komt wol yn ús provinsje foar, benammen yn it Waadgebiet.
Lizzing fan de sliepplakken dêr't sûnt 2000 seekobben teld binne (links) en briedkoloanjes fan seekobben yn 2019 (rjochts) © Sovon Vogelonderzoek
Ek yn Frankryk, België en Dútslân binne groepen kobben besmet. Yn Frankryk wie der yn it briedseizoen fan ferline jier al sprake fan in grutte útbraak. Yn Nederlân wie it doe minder slim, meldt it DWHC.
Seekobben sliepe op eilantsjes yn sompe en iepen wetter, dêr't ek de briedkoloanjes sitte. Dêr sitte de fûgels mei in soad by elkoar.
Neffens it DWHC binne der oanwizingen dat it opromjen fan karkassen helpt om it effekt fan in fûgelgrypútbraak wat tsjin te hâlden. It DWHC en Sovon freegje mei klam om de fynst fan deade of sike fûgels troch te jaan fia de websiden fan de organisaasjes.