Direkteur busbedriuw: "In kear ekstra neitinke foardat we wer nei Cambuur ta geane"

Bussen wurde bekûgele mei stiennen © Social media
Ferskate touringcarbedriuwen ha stikkene bussen nei de ûngeregeldheden snein yn Ljouwert nei de Fryske derby. Ien fan de dupearre bedriuwen is Gebo Tours út Nieuwleusen.
Direkteur Erik de Roo is lilk op de rol fan de plysje. "Ze hadden de zaak niet onder controle. Het was alsof je door een hinderlaag moest rijden. De politie stond er gewoon niet naar te kijken. Ze hadden sowieso niet de opdracht moeten geven om op dat moment weg te rijden."
Neffens Tessel Horsman fan de plysje is der keazen foar de meast feilige opsje. "De bussen daar laten staan, was ook geen optie. Ze hebben ervoor gekozen om eerst ruimte te creëren en de relschoppers op een zo groot mogelijke afstand te brengen. Daarvoor heeft de ME een charge uitgevoerd. Toen is de opdracht gegeven om weg te rijden. We hebben geconstateerd dat ze niet ongeschonden zijn gebleven. maar dit was de veiligste optie."

Sjauffeur skrokken

Ek Birwa Tours út Damwâld waard dupearre. "It wie de earste kear dat dizze sjauffeur mei in supportersbus ried", fertelt direkteur Willem Beijaard fan Birwa. "Hy hie der hielendal nocht oan, mar hy is wol skrokken en moat even bykomme."
Stikkene bussen nei ûngeregeldheden by Fryske derby
De sjauffeur fertelde Beijaard hoe't it foar him wie. "As der in hiele groep minsken op dy ôf rinnen komt mei bakstiennen yn de hannen dy't se tsjin de bus oan smite, dan skrikke je wol."

Ferskate ruten stikken

De feilichheid wie yn it foar garandearre, seit Beijaard. "Alles wie goed trochpraat, we ha oerlis hân mei de plysje en mei de klups. Mar doe't de bus by it Cambuur Stadion wei ried, wienen der Cambuursupporters dy't mei dy bakstiennen smieten."
Reaksje gemeente Ljouwert:
"Wij verafschuwen wat er na de wedstrijd rond het stadion heeft plaatsgevonden. Bussen en politiemensen zijn met stenen bekogeld. Er is door relschoppers voor vele tienduizenden euro's schade aangericht. De politie heeft na afloop van de wedstrijd acht aanhoudingen verricht. Meer aanhoudingen worden niet uitgesloten."
De bus is der ek aardich havene útkaam. "It foarrút is stikken, in pear fan de sydruten binne sneuvele. Fierder sitte der dûken yn en is der lakskea. De skea is sa'n 15.000 oant 20.000 euro, plus de stilstân."
It heechseizoen begjint hast, dus we wolle net te lang wachtsje.
Willem Beijaard (Birwa Tours)
Gebo Tours hat de stikkene bus ophelle en in ferfangende bus oan Birwa jûn. "Dêrmei koenen wy hjoed wer in groep reizgers nei Londen ta ride. Dizze wike komme der nije ruten yn ús bus, letter komt er wer yn 'e lak. It heechseizoen begjint hast, dus we wolle net te lang wachtsje."
Beijaard wit net oft it foar te kommen wie. "Dit moat foaral in goede les wêze. En ik wol de bus bêst wol wer ynsette foar supporters, mar ik sil wol in kear ekstra neitinke foardat we wer nei Cambuur ta geane. Neat tsjin Cambuur sels, in prachtige klup, mar der is in groep binnen Cambuur dy't it foar de oaren ferpest."