Noch fjouwer minsken fêst foar ûngeregeldheden nei Fryske derby

Fjouwer relskoppers dy't snein nei de wedstriid SC Cambuur - sc Hearrenfean oanholden binne foar iepenlike geweldpleging, sitte noch fêst. Fjouwer oaren binne wer frij, mei in proses-ferbaal. Sy waarden oanholden om it dragen fan gesichtsbedekking en it net foldwaan oan in befel of foardering.
De minsken dy't oanholden binne, binne jonges en manlju tusken de 17 en de 39 jier âld út Ljouwert, Snits, Gytsjerk, Wergea, Goutum en de gemeente Hearrenfean.
De sfear waard nei de Fryske derby yn Ljouwert hieltyd grimmitiger, melde de plysje snein. Oanhingers fan de twa ploegen sochten de konfrontaasje mei-elkoar. De relskoppers smieten stiennen, stikken hout en stikken beton nei elkoar en fernielden guod.
De ME hat doe yngrepen, sadat de bussen mei Hearrenfeansupporters it stadion ferlitte koenen. Dêrnei bleau it ûnrêstich, seit de plysje. Relskoppers fernielden plysjeweinen en ek in plysjehynder rekke ferwûne troch in stien.
Reaksje gemeente Ljouwert:
"Wij verafschuwen wat er na de wedstrijd rond het stadion heeft plaatsgevonden. Bussen en politiemensen zijn met stenen bekogeld. Er is door relschoppers voor vele tienduizenden euro's schade aangericht. De politie heeft na afloop van de wedstrijd acht aanhoudingen verricht. Meer aanhoudingen worden niet uitgesloten."