Mear fertochten yn byld foar bedriging skriuwer Pim Lammers fan Easterwâlde

Pim Lammers © ANP
De plysje en it Iepenbier Ministearje hawwe meardere fertochten yn byld yn it ûndersyk nei smaad, mislediging en bedriging fan skriuwer Pim Lammers fan Easterwâlde.
De ferwachting is dat de fertochten op koarte termyn heard wurde, sa makke de plysje Midden-Nederlân bekend.

Deadsbedrigingen

Lammers lei twa wiken lyn syn opdracht foar de Berneboekewike del om't er deadsbedrigingen krigen hie. Dy kamen nei online-oanfallen op him fanwege in ferhaal foar folwoeksenen dat er hast tsien jier lyn skreaun hat. Dat gie oer de relaasje tusken in jonge en syn trainer.
In kristlike lobbygroep, presintatrise Monique Smit en model Kim Feenstra, dielden online sinnen út it ferhaal en doe ûntstie der opskuor. Skriuwers dy't it foar Lammers opnamen, waarden ek mei de dea bedrige. De plysje wol no gong meitsje mei it ûndersyk.