It dúnsân by Aasterein op Skylge kin wer stowe

Op sa'n fyftjin plakken by Aasterein op Skylge binne de dunen wer wat stowend makke. It gebiet wie hielendal tichtgroeid. No kin it sân him wer ferspriede, en foar it earst gebeurt dat behoarlik ticht by de bebouwing. Der sit bytiden mar 250 meter tusken.
Mar der is oer meipraat en neitocht om foar te kommen dat it sân yn it doarp bedarret, seit boskwachter Sandra Knop fan Steatsboskbehear oer dy nije, iepen stikken dún. "Ze liggen ook allemaal in een bepaalde richting, zodat vooral de wind uit het zuidwesten er vat op heeft. Met een noordwesterstorm ligt het echt in de luwte."
In graafmasine hat as in soarte fan tsiisskaaf de boppeste laach derôf helle, yn trochsneed sa'n fyftjin sintimeter djip. Knop: "Dit hele duingebied heeft een tapijt van grassen en mossen. En die versterken elkaar alleen." Dat is ek mei it gefolch fan stikstof dy't yn de dunen delslacht.
It dúnsân by Aasterein kin wer stowe
"Wij willen hier juist weer wat openheid en variatie in het duingebied creëren", fertelt Knop. "Zodat we meer diversiteit in dit stukje hebben en het unieke van een duinlandschap een beetje helpen."

By peal seis binne ek noch twa grutte kerven makke. Dêr is it allegearre wat djipper ôfgroeven en stoot it sân ek djipper it gebiet yn.
En wylst it sân by Aasterein kalkearm is, is it sân yn de kerven tichter by see kalkryk. Der binne spesifieke planten dy't it dêr goed op dogge, bygelyks in tal orchideesoarten.

Mar ek de folle lytsskaligere yngreep by Aasterein moat fertuten dwaan foar de natuer. "Vooral het konijn heeft hier profijt van, maar ook het hondsviooltje en het zandblauwtje", seit Knop. En de parlemoerflinter hat bygelyks it fioeltsje wer nedich om aaikes op ôf te setten.
Heidehipper
En wat goed is foar kninen is ek goed foar heidehippers en bercheinen, want dy briede yn ferlitten kninehoalen. De heidehipper kin dy help ek goed brûke. De populaasje op it fêstelân is hast útstoarn en oan de kust giet it relatyf better mei dizze reade listsoart.
Boskwachter Sandra Knop fan Steatsboskbehear