Acht relskoppers oppakt nei Fryske derby: ME yn aksje, plysjehynder ferwûne, fernielingen by stadion

Ungeregeldheden nei de Fryske derby © CAMJO media
De plysje hat yn Ljouwert acht minsken oanholden nei de Fryske derby. Nei de wedstriid waard de sfear hieltyd grimmitiger: der binne plysjeminsken en bussen fan supporters bekûgele en der is fan alles fernield.
Fjouwer manlju binne oanholden foar it iepenlik brûken fan geweld, dêr't it smiten mei stiennen ek ûnder falt. Dizze fertochten sitte fêst en wurde troch de plysje heard.
By de trije oare oanhâldingen giet it om it dragen fan gesichtsbedekking en it net foldwaan oan in befel of foardering. It giet om manlju tusken de 17 en de 39 jier âld út Ljouwert, Snits, Gytsjerk, Wergea, Goutum en de gemeente Hearrenfean.

Bekûgele

Relskoppers fan SC Cambuur en sc Hearrenfean sochten de konfrontaasje mei-inoar op, sa lit de plysje witte. Sy bekûgelen inoar mei stiennen, stikken hout, beton en ôffalkonteners.

ME yn aksje

De ME hat yngripe moatten om derfoar te soargjen dat de bussen fan de Hearrenfeansupporters feilich de stêd ferlitte koe. Dochs is der in rút sneuvele by ien fan de bussen.
ME bekûgele mei stiennen nei it ferlies fan SC Cambuur
Ek dêrnei noch bleau it ûnrêstich: de plysje waard mei stiennen bekûgele en ek ferskate plysjeweinen waarden fernield. In plysjehynder rekke ferwûne om't dy troch in stien rekke waard.

Fandalisme

De plysje hat noch net in folslein oersjoch fan de skea, mar om it stadion hinne wie sprake fan in soad fernielingen.
De plysje hat in ûndersyk opset om de dieders te finen. De plysje ropt tsjûgen of minsken mei kamerabylden op om har te melden.