Lanlike staking yn it streekferfier net allinne woansdei, mar ek freed

It busstasjon fan Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Takom woansdei en freed lizze bussjauffeurs op 'e nij it wurk del. Fakbûnen FNV en CNV hawwe nije aksjes yn it streekferfier oankundige, om't har ultimatum foar cao-easken ferstrutsen is.
Dat der woansdei lanlik staakt wurde soe, wie al bekend. Mar dêr is no ek de freed oan taheakke. Wat it krekt foar de tsjinstregelingen yn Fryslân betsjutte sil, is noch net bekend.
De bussjauffeurs wolle mear lean, mar ek minder wurkdruk. It streekferfier hat te lijen fan ûnregelmjittige roasters en krappe rittiden. Der is boppedat in flinke personielskrapte. Neffens in wurdfierder fan FNV Streekvervoer is de grins berikt.
De oankundiging fan nije lanlike stakingen komt twa wiken nei in staking fan fiif dagen yn it streekferfier. CNV neamt de reaksje fan de wurkjouwers 'ronduit teleurstellend.' De fakbûnen roppe derom op it wurk wer del te lizzen.

Leaneasken

De meiwurkers wolle in cao mei ynflaasjekompensaasje en maatregels om de wurkdruk omleech te bringen. FNV wol 16,9 persint leansferheging foar in jier, CNV easket 14 persint, mar dan ferparte oer 18 moannen.
Mar neffens de foarsitter van de Vereniging Werkgevers Openbaar Vervoer (VWOV) binne dy easken net helber. De VWOV biedt 8 persint foar in jier oan en seit dat de marzjes yn it iepenbier ferfier te lyts binne.
De sjauffeurs jouwe oan it spitich te finen wer oerlêst op te smiten troch de staking, mar fine ek dat de oplossing by de wurkjouwers leit. Lanlik giet it yn totaal om mear as 14.000 minsken dy't ûnder it streekferfier falle.