Motorcrosser swierferwûne nei in ûngelok yn De Blesse

Helpferlieners op it crossfjild © ProNews Producties
In motorcrosser is sneintemiddei swierferwûne rekke yn De Blesse. Twa persoanen wiene op in stik grûn by de Steenwijkerweg oan it crossen, wêrby't ien fan har foel en ferwûne rekke.
It ûngelok wie sa slim dat neist ferskate ambulânsen ek in traumahelikopter op it plak fan it ûngelok kaam. Nei helpferliening is it slachtoffer nei it UMCG yn Grins brocht. Hoe't it krekt mei it slachtoffer giet, is net bekend makke.