It priiswinnend Stellingenpad is ek in earbetoan oan de betinkster fan de rûte

In part fan it Stellingenpad troch de heide © Marcel van Kammen
It 260 kilometer lange Stellingenpad is sneon ferkeazen ta bêste kuierpaad fan de Benelúks. Dat is net allinne in opstekker foar de Stellingwerven, mar ek in persoanlik earbetoan oan de betinkster fan de rûte.
Op de Fiets- en Wandelbeurs yn Flanders Expo yn Gent hat in groepke inisjatyfnimmers en frijwilligers de priis yn ûntfangst naam. Under oare Karst Berkenbosch fan Aldeberkeap wie der, dy't yn jannewaris mei de sjuery op 'en paad west hat.
De sjuery priizge de rûte fan it Stellingenpad fanwegen it grutte ferskaat oan lânskippen, it wiidweidige omtinken foar de histoaryske eftergrûn en de pleatslike natuer en kultuer. De rûte is keazen út in list mei tsientallen kandidaten.
Marita Kruijswijk hie as ien fan de minsken efter it paad stikem al wat fan de sjuery ferwachte. "Ze zijn hier in de Stellingwerven geweest en hebben een stuk gewandeld en uitgeprobeerd. Toen merkten we al dat ze heel erg enthousiast waren, dat er zoveel moois was waarvan ze het bestaan niet wisten. Ze zeiden dat we beslist naar Gent moesten komen."

260 kilometer kuierje

It Stellingenpad giet by it Fochtelerfean en it Drents-Friese Wold del, mar rint súdlik ek troch oant de Weerribben-Wieden yn de kop fan Oerisel. Yn Fryslân giet de rûte rûchwei troch De Blesse, Noardwâlde, Aldeberkeap, Makkingea, Easterwâlde, Haule en Appelskea.
It paad rint ek troch it Drents-Friese Wold © Marcel van Kammen
De 260 kilometer is opdield yn 15 etappen fan tusken de 12 en 28 kilometer, dy't ûnder oare troch bosk, heide, stosân en sompe- en reitlân rinne. Kuierders komme troch twa nasjonale parken hinne en de rûte slút oan by it lanlike kuierknooppuntnetwurk.

Driuwende krêft Marian

It paad is opset troch Stichting Vrijstaat de Stellingen en de feriening Nivon foar natuerbelibbing, yn gearwurking mei gemeenten, organisaasjes en ûndernimmers. Mar de betinkster fan de rûte wie Marian Nesse (1957-2022). Sy ferstoar ferline jier nei in siikbêd, in pear moannen foar de iepening fan it Stellingenpad.
Nesse wie de driuwende krêft efter it Stellingenpad. Sy stie ek oan 'e widze fan Stichting Vrijstaat de Stellingen, dat yn 2017 oprjochte is om de Stellingwerven mei allerhanne aktiviteiten op de kaart te setten.
Marita en Marian krigen ferline jier noch in lintsje foar har ynset foar de Stellingwerfske kultuer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Foar de organisaasje dy't it paad no fersoarget, fielt de priis dêrom as in kroan op it wurk fan Marian. "Het Stellingenpad was het laatste en grootste project van Marian", seit Kruijswijk, dy't ek Nesse har partner wie.
De oanlieding foar it betinken fan de rûte wie it 500-jierrich bestean fan Eaststellingwerf yn 2017. "In de aanloop daarnaartoe dacht Marian na over wat ze bij kon dragen om dat mee te vieren. Ze ontdekte toen ze in de historie dook, dat er zowel in Oost- als Weststellingwerf een vrije boerennatie was ontstaan. Een soort vrijstaat, dat vond ze heel interessant."
Yn de midsiuwen wiene de Stellingwerven ûnderdiel fan it tinbefolke en dreech tagonklike grinsgebiet tusken Fryslân en Drinte. De Stellingwerven hearden oarspronklik by Drinte, mar yn 1309 makken sy har los as in frije lânsgemeente.
It duorre oant 1504 foar't de Stellingwerven troch de hertog fan Saksen as gritenij ûnder syn bewâld brocht waarden. De Stellingwerven hearre dus pas sûnt 1504 by Fryslân. Yn 1517 waard it opdield yn East- en Weststellingwerf, mar troch de mienskiplike skiednis wurde sy noch faak as ienheid oantsjutten.
Marian en Marita wiene yn itselde jier op in kuierfakânsje yn Nij-Seelân, dêr't sy in doarpke tsjinkamen dat ea ek by in soarte frijsteat hearde. It doarp profitearre fan dy skiednis, want it smiet rekreaasje op.
"Er waren terrassen en hotelletjes in het kleine dorp, kennelijk wekte het veel nieuwsgierigheid op. Het zag er allemaal heel aantrekkelijk uit. Toen we weer terug in Nederland waren, bedacht ze dat zo'n idee misschien wel leuk zou zijn voor de viering van 500 jaar Stellingwerven."

It Stellingenpad as neilittenskip

Stadichoan ûntstie it idee foar it Stellingenpad. Neffens Kruijswijk wist har Marian altyd de goede minsken om har hinne te finen en te entûsjasmearjen foar it paad. De rûte is, no't Marian der net mear is, in moaie neilittenskip, fynt sy.
It Fochtelerfean © Stichting Vrijstaat de Stellingen
It Stellingenpad waard ferline jier op 24 april iepene op de Boerestreek yn Appelskea. Dêr waard ek koart stilstien by it ferstjerren fan Marian Nesse.
By de iepening waard in kuiergids presintearre, wêrmei't de ferhalen oer de streek ferteld wurde troch in griffioen, it fabeldier dat yn de wapens fan de beide Stellingwerven foarkomt. Yn it Ingelsk is it paad ek de 'Griffin Fairy Trail' neamd.

Wylde, ûnbekende natuer

De stichting efter it paad neamt it gebiet it bêst bewarre geheim fan it noarden: foar in soad minsken in ûnûntdutsen regio. "Er zijn relatief onbekende delen in het gebied die toch heel bijzonder zijn, zoals het Fochteloërveen, het Drents-Friese Wold en de Weerribben-Wieden, dat destijds ook bij de Stellingwerven hoorde", sa seit Kruijswijk.
Dat makket it neffens har sa moai, fynt sy. "Hele woeste natuur die relatief onbekend is. Daar heeft Marian zich echt op gefocust. Je gaat langs onverharde paden door bossen en weilanden. Marian heeft de mooie, speciale landschappen uitgezocht."