Fryske derby op 'e nij in proai foar sc Hearrenfean

Hearrenfean wint de Fryske derby © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat de Fryske twastriid mei SC Cambuur wûn. Yn it Cambuurstadion waard it 1-2 foar de ploech fan trainer Kees van Wonderen. Hearrenfean stie al nei 58 sekonden op efterstân, mar draaide de wedstriid dêrnei om.
Yn de opstelling fan Cambuur wienen twa wizigings yn ferliking mei de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin NEC (0-0). Marco Tol wie der troch in blessuere net by. Hy waard ferfongen troch Léon Bergsma. Fierder wie der in basisplak foar Mees Hoedemakers. Silvester van der Water siet op de bank.
Ek Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen stjoerde twa oare spilers it fjild yn as ôfrûne wike yn de wedstriid tsjin Feyenoord (1-2 ferlies). Rami Kaib en Anas Tahiri sieten op de bank. Foar harren spilen Rami Al Hajj en Osame Sahraoui. Dat betsjutte dat Mats Köhlert wer linksback wie yn stee fan oanfaller.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Bergsma, Smand, Bangura; Van Kaam, Paulissen, Hoedemakers; Breij, Johnsen en Foor.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Bruma, Bochniewicz, Köhlert; Olsson, Al Hajj, Haye; Nunnely, Van Hooijdonk en Sahraoui.
Binnen de minút lei de earste bal al yn it net. Köhlert liet him maklik fan de bal ôf sette troch Michael Breij. Dy joech de bal foar op Bjørn Johnsen. De Noarske spits naam de bal yn ien kear op de pantoffel en doelman Xavier Mous wie kânsleas: 1-0.
Cambuur bliid mei de iepeningstreffer © Orange Pictures
Cambuur bleau ek nei de iepeningstreffer sterker. Yn de sechsde minút hie Breij nei in goede kombinaasje mei Johnsen de 2-0 meitsje moatten, mar each yn each mei Mous skeat de oanfaller de bal njonken.
Nei in kertier joech de Cambuurstoarm him wat del en stadichoan kaam Hearrenfean better yn de wedstriid. Dat smiet net in protte kânsen op, mar de earste mooglikheid dy't de ploech krige, wie wol fuort raak. In foarset fan Ché Nunnely waard net goed fuortwurke troch de ferdigening fan Cambuur. De bal kaam foar de fuotten fan Sahraoui, dy't net twivele en de bal tsjin de touwen roste: 1-1. It wie syn earste doelpunt yn tsjinst fan Hearrenfean.
Cambuur wie it doe efkes kwyt. Hearrenfean wie fia in kopbal fan Nunnely sels tichteby de 1-2, mar hy krige de bal net tusken de peallen. Datselde jilde efkes letter foar Pawel Bochniewicz, dy't gefaarlik waard út in hoekskop.
Pas yn de slotfaze fan de earste helte liet Cambuur wat mear fan him sjen. In aardige oanfal late úteinlik ta in bikkelhurd skot fan Mitchel Paulissen, mar dy ynset gie njonken de Hearrenfeangoal. Sa wie it nei 45 minuten fuotbal 1-1.
By it skoft wie it duel yn lykwicht © Orange Pictures
Nei it skoft gie it duel moai op en del. Kânsen wienen der lykwols amper yn dizze faze. Nei 62 minuten waard Hearrenfean gefaarlik. Rami Al Hajj draaide him mei in kreaze fuotbeweging knap frij en skeat de bal mar krekt njonken.

Hearrenfean op foarsprong nei scrimmage

Efkes letter wie it wol raak foar de Feansters en de wize wêrop't dat barde, kinne je rêstich kurieus neame. Sahraoui kaam troch op de efterline, wêrnei't de bal by Simon Olsson bedarre. Fia Cambuurdoelman Robbin Ruiter en de latte kaam de bal by Milan van Ewijk, dy't it besocht mei in spektakulêre omhaal. De bal soe doe de line al passearre hawwe, mar foar de wissichheid tikke Nunnely de bal ek noch efkes yn it net: 1-2.
De bal sit, Hearrenfean op foarsprong © ANP
Cambuur brocht oanfallers Mimoun Mahi, Roberts Uldrikis en Van der Water yn it fjild yn in besykjen om de lykmakker te forsearjen. Yn de 77e minút like dat te slagjen nei't Hearrenfean de bal net goed fuortwurke en it lear foar de fuotten rôle fan in oare ynfaller, Robin Maulun. It skot fan de Frânskman ferdwûn lykwols krekt njonken de foar Cambuur ferkearde kant fan de peal.

Uldrikis mist dé kâns op de 2-2

De grutste kâns op de lykmakker kaam fan de holle fan Uldrikis. De Letske spits stie hielendal frij by in foarset fan Van der Water, mar Uldrikis kopte de bal presys yn de hannen fan Mous.
Oan de oare kant lei der romte foar Hearrenfean om de wedstriid te beslissen. Thom Haye krige de grutste kâns op de 1-3. Syn skot fan krekt bûten it strafskopgebiet gie oer de latte.
Sa einige de Fryske derby foar de twadde kear dit seizoen yn in 2-1-oerwinning foar Hearrenfean. Hearrenfean hat dêrtroch 30 punten en is de nûmer acht fan de earedivyzje. Cambuur is de hikkesluter mei 13 punten.