Liveblog
|
19 febrewaris
Dit wie de Fryske derby fan minút oant minút
Yn dit liveblog holden we jo op de hichte fan it nijs oer de Fryske twastriid tusken SC Cambuur en sc Hearrenfean.
- Skoareferrin: 1. Bjørn Johnsen 1-0, 22. Osame Sahraoui 1-1, 65. Milan van Ewijk 1-2
- Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Bergsma, Smand, Bangura; Van Kaam, Hoedemakers, Paulissen; Breij, Johnsen en Foor;
- Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Bruma, Bochniewicz, Köhlert; Olsson, Al Hajj, Haye; Nunnely, Van Hooijdonk en Sahraoui;
- Earder dit seizoen wûn sc Hearrenfean ek mei 2-1 fan SC Cambuur.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 19 febrewaris, 16:26
16:26
Tank foar it folgjen
Oant safier dit liveblog oer de Fryske derby fan hjoed. Kommende sneon spilet Hearrenfean thús tsjin RKC, Cambuur giet dyselde jûn op besite by AZ.
Tank foar it folgjen!

16:10
Fjoerwurk foar Hearrenfean
De spilersbus fan Hearrenfean is by it Abe Lenstra stadion. Supporters ûnthelje de spilers mei fjoerwurk.
15:32
Plysjes bekûgele mei stiennen
It is ûnrêstich wurden yn Ljouwert. De ME is yn aksje kaam op de strjitte neist it stadion. Dêr is in stek fernield. Plysjeminsken binne bekûgele mei stiennen.
ME bekûgele mei stiennen nei ferlies Cambuur
De supporters fan Hearrenfean binne mei bussen fuortgien út Ljouwert. Op bylden is te sjen dat net alle ruten hiel bleaun binne.
It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne by de ûngeregeldheden.
14:25
Roozemond bliuwt sûnder ferlies tsjin Cambuur
Foar Cees Roozemond wie it syn lêste Fryske derby as algemien direkteur. "Je moet nooit met je eigen succes gaan pronken, maar ik vind het wel lekker dat ik nooit van Cambuur verloren heb."
Hy seit dat de wedstriid mear spannend wie as moai. "Maar het is lekker om 'm winnend af te sluiten. Na de 1-0 was er boosheid en ongeloof, want hoe kun je een wedstrijd zo begonnen? Daarna pakten we het leuk op, al werd het bijna nog 2-0. Uiteindelijk wel een terechte overwinning, maar het had zomaar een gelijkspel kunnen zijn."
Healwei de twadde helte foel de 1-2, dat wie úteinlik de winnende treffer. "Ik ging als een idioot staan juichen. Dat was misschien niet zo verstandig, maar ik heb heel erg meegeleefd op de tribune. Die 1-2 was een frommelgoal, maar die telt ook."
14:07
Dien: Hearrenfean wint
Dêr wie it lêste fluitsinjaal fan skiedsrjochter Danny Makkelie: de Fryske derby einiget op 'e nij yn in oerwinning foar sc Hearrenfean.
Cambuur kaam noch betiid op foarsprong troch in fraaie treffer fan Bjørn Johnsen, mar yn de rin fan de earste helte waard Hearrenfean sterker. Osame Sahraoui tekene foar de terjochte lykmakker.
Yn de twadde helte wienen de twa ploegen oan elkoar weage, mar Milan van Ewijk besoarge Hearrenfean mei in scrimmagegoal de trije punten.
14:04
Fjouwer minuten blessueretiid
Fjirde official Joey Kooij jout oan dat der fjouwer minuten ekstra spyltiid komme.