Plysje op syk nei fermiste Maaike (18) út Ljouwert

© Plysje
De plysje is op syk nei de 18-jierrige Maaike út Ljouwert. De jonge frou is sûnt dizze wike fermist. Se is foar it lêst sjoen op moandei 13 febrewaris.
Neffens it sinjalemint dat de plysje frijjûn hat, is Maaike 1,75 meter lang, hat se in smel postuer en lang swart hier mei dêryn twa reade banen.
Minsken dy't tips ha of witte wêr't Maaike ferbliuwt, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.