Resinsje Pinokkio lost time: "Emoasje yn stilearre ferpakking"

Henk te Biesebeek beskôget Pinokkio lost time © Omrop Fryslân
Komselden dat in teäterfoarstelling my sa ferbjustere achterlitten hat. Djip ûnder de yndruk fan wat him in oere lang op it poadium ôfspile hat.
Teätermakker Romke Gabe Draaijer nimt de taskôger mei op in persoanlike ûntdekkingstocht nei syn homoseksuele bewustwurding. 'Pinokkio lost time' is in stilearre wrakseling fol twivel en emoasjes. Moai!
Oan it begjin fan de jûn hie Romke Gabe earst noch in spesjaal wolkomstwurd foar alle minsken dy't hy it ôfrûne jier ynterviewd hat. De persoanlike ferhalen oer har eigen coming-out hat nammentlik de basis west foar dizze foarstelling.
Op grutte fotoportretten oan de muorren fan it Tryater-gebou sjogge dizze minsken de besiker ynkringend oan. In persoanlike kwoot út har ferhaal derby plakt. Oer striid, emoasjes en bytiden geastlike skansearring.
It set de doar alfêst op in kier foar wat dizze jûn noch allegear komme sil. De ferlerne jierren fan Romke Gabe Draaijer: Pinokkio lost time.
De ferstille skjintme fan de hel © Romke Gabe Draaijer
It dekôr makket alles daliks dúdlik. Symboalysker kin hast net. Us heteromaatskippij delset as in blommetún. Mei kreaze blommeperkjes. De witte blommen strikt skieden fan de reade. De túnman dy't der strang op tasjocht dat dit ek sa bliuwt. It túch derút skuort en fuortsmyt. De blommen dy't krekt wat oars binne mei gif deaspuitet...
Draaijer ferskynt sels net op it poadium. Hy lit it spul yn dizze foarstelling oer oan David Schwarz, dy't net allinnich de túnman spilet, mar ek ferantwurdlik is foar de muzikale omlisting. Wat sis ik, it is de speesje dy't de boustiennen by elkoar hâldt.
De twa oare spilers Tom de Ronde en Geronimo Chancoso ferskine yn earsten as silhûetten op it readferlochte skerm achter it toaniel.

Homofoob

Yn dy hel docht al bliken dat de mins faaks hielendal net is wat er liket. En wrakselet mei oare persoanlikheden dy't er yn him hat. In fassinearjende dûns fan twa lichems dy't elkoar oanlûke en ôfstjitte is it gefolch. Mei úteinlik de berte fan leafst twa Pinokkio's op it poadium.
Twillingpoppen dy't krekt as de mearkefiguer Pinokkio stadichoan minsken wurde fan fleis en bloed. Jonges dy't de wrâld om har hinne ûntdekke, har bewust wurde fan har seksualiteit en dat se op manlju falle. Hoe't se mekoar deryn stypje, mar ek oan- en ôffalle. Mar ek wer tegearre in fûst foarmje tsjin de túnman, symboal foar de boaze homofobe maatskippij.
Pinokkio lost time © Romke Gabe Draaijer
Tusken de spilers wurdt eins hast net sprutsen. De tematyk fan de foarstelling wurdt al dûnsjend ferbylde. Soms as yn in stripferhaal, hast cartoonesk, dan wer hiel realistysk en emosjoneel. Dan jouwe de haadrolspilers elkoar der letterlik fan lâns, falle der hurde klappen en raze beiden it yn ûnmacht út.

Sekspop

Fraai ek hoe't de twivel fan in homoseksuele man oer syn coming-out yn byld brocht wurdt mei in opblaaspop. Hoe't dan ek in hetero-frou iensum achterbliuwt as de man op wa't se fereale is har net jaan kin wat se graach wolle soe. De man giet fierder, de sekspop rint leech. Oandwaanlik.
Sa ferriederlik is dus de ferpakking fan it boadskip yn dizze foarstelling. It liket op it earste gesicht allegear sa kreas en swiet. Mar, o blinder. Achter dat skerm fan ferstille skjintme komme de klappen ekstra hurd oan. It set de taskôger algeduerich op it puntsje fan 'e stoel. Want is alles wol sa as it liket?

Smoare

Want sjoch, krekt as de beide dûnsers mekoar einlik fûn hawwe en it masker fan Pinokkio ôfsmite doare, wurdt ús wer eefkes dúdlik makke hoe kwetsber oft se bliuwe. De maatskippij gunt it beide jonges net om te wurden wa't se wêze wolle. De túnman rjochtet syn gitaar as in mitrailleur op dit prille gelok: "they will choke you", de wrâld sil jimme smoare...
De coming-out fan teätermakker Romke Gabe Draaijer © Tryntsje Nauta
It ljocht giet út. Mar dit kin dochs net de ein wêze? Nee dus. De beide manlju blykje har ûntwraksele te hawwen oan de wurgjende greep fan de boargermaatskippij. Binne bewust fan har identiteit en wolle dêrfoar útkomme ek. Under genot fan drank en oare middels ha se wille op in wyld feest sa as yn de gay-scene oer it generaal delset wurdt.
De wonnen frijheid wurdt fierd mei opstân en fandalisme. De blommeperkjes wurde fernield, de blommen út de grûn skuord en de barbecue útpisse. It dûnsjen glidet stadichoan oer yn seksuele lustbewegingen. It rôp by my suver negative gefoelens op. Wat wol Romke Gabe hjirmei sizze? Moat dit dan de ein wêze?

Trijelûk

Nee, dat is it ek net. De teätermakker hat ommers in kronyk fan trije foarstellingen oankundige. In trijelûk oer wat it bestjut as je queer binne yn Fryslân. Dus bliuwe we benijd nei hoe't dy twa oare dielen derút sjen sille.
Hooplik net as in gewoan ferfolch op dizze foarstelling. Sa'n bytsje mear fan itselde. Dat soe spitich wêze. Want Pinokkio lost time falt yn syn sjenre dreech te oertreffen!