Iepengean cockpitkap feroarsake fatale crash fan fleantúchje Vliegclub Fryslân yn Kornhorn

It iepengean fan de cockpitkap fan in fleantúch fan Vliegclub Fryslân hat de oarsaak west fan de fatale fleantúchcrash yn Kornhorn, op 13 febrewaris fan 2021. Dat konkludearret de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV), meldt RTV Noord.
In 75-jierrige piloat út Kornhorn kaam dêrby om it libben. Hy wie de iennige ynsittende.
"Uit onderzoek is gebleken dat de cockpitkap, de canopy, tijdens de vlucht was opengegaan", sa falt te lêzen yn it ûndersyksrapport. "De piloot was niet in staat om het controleverlies in de korte tijd te herstellen voordat de micro light aircraft (mla) de grond raakte."
Tichteby hûs
Wêrtroch't de piloat krekt de kontrôle kwytrekke, is ûnbekend. Hy kaam yn in dûkflecht telâne en stoarte, flak by syn hûs, del yn in greide. Syn fleantúchje fleach yn 'e brân.
Oan ûnderfining ûntbruts it de piloat yn alle gefallen net. Yn totaal hie er al 394 fleanoeren makke, wêrfan 168 yn it type fleantúch dêr't er yn ferûngelokke. Dizze PH-4E7, Aerospool Dynamic WT9, wie in moanne foar it ûngelok noch ynspektearre en goedkard. De piloat hie sels ek krekt in medyske keuring goed trochstien.
Kap net goed ticht
De Onderzoeksraad achtet it tige wierskynlik dat de kap al by it opstigen net goed ticht sitten hat. Yn it ferline is dy kap by it type fan it yn Kornhorn crashte fleantúchje faker by it fleanen iepengien.
Om dy reden publisearre de fabrikant al yn 2008 in needproseduere foar sokke gefallen. En twa jier foar it ûngelok kaam dy fabrikant mei in oanbefelling om de fergrindeling fan de cockpitkap te ferbetterjen mei in feilichheidsheak en in sensor.
Vliegclub Fryslân wie net op de hichte fan dy ynformaasje, skriuwt de Onderzoeksraad. "'Bij regelmatig onderhoud en inspectie van het vliegtuig door de houder en de bijbehorende documentatie werd de publicatie van dit bulletin over het hoofd gezien." Troch de 'losse omgong' mei feiligens late in earder ynsidint op de fleanklup net ta bewustwurding fan dit gefaar, seit it OVV.
'Fabryk liet nei feiligensynformaasje te stjoeren'
Bestjoerslid Klaas de Haan fan Vliegclub Fryslân lit witte dat de ekstra ynformaasje fan de fabrikant net bekend wie by de klup. "Wy wiene de iennige eigener fan de kiste. It fabryk soe de eigener dêrfan op 'e hichte stelle moatte, mar dat hat it fabryk nea dien."
Dat him problemen mei de kap foardwaan koene, wie wol by de fleanklup bekend. "Yn 2014 giene al foto's rûn nei de leden. Doe is sein: op it momint datst tinkst datst de kap ticht dochst, triuw der dan noch efkes tsjinoan om der wis fan te wêzen dat it sa is. De piloat wist dat ek. "
De kap foarsjoen fan in ekstra feilichheidsheak en sensor hie neffens De Haan foar dit tastel nei alle gedachten net holpen. "Wy hiene in wat âlder model. Ast der sa'n heak yn hast, kin de kap likegoed noch net hielendal goed fêst sitte."
Nij bestjoer
De Haan seit mei klam dat de fleanklup no better omgiet mei protokollen en feiligens. "Twa jier lyn siet der in folslein oar bestjoer. Der wie gedoch, dat wie net goed foar de sfear en de feiligens. Wy as klup wolle datst learst fan saken dy't misgien binne of fout gean kinnen hiene. Dat ha we no foar elkoar. Alles is rjochte op feiligens en dêr wurdt ek op traind."
De klup ferwachtet net dat de neibesteanden fan de piloat in rjochtsaak begjinne nei oanlieding fan it krityske rapport fan de Onderzoeksraad: "We ha goed kontakt mei de famylje. Wy hawwe doedestiids de útfeart ek mei fersoarge. Wy hawwe derfan leard, sadat it hooplik net wer bart. Mar dat is gjin garânsje, want der sitte no ien kear risiko's oan."